Pieter Horjus (Makkum, 5 maart 1887 – Harns, 26 april 1962)Graftombe.nl wie in winkelman en amateur-archeolooch út Eastermar.

Libben en wurk thumb|230px|In part fan Horjus (rj. boppe) syn fynsten yn it Streekmuseum / Folksstjerrewacht Horjus waard op syn 30e jier winkelman yn Eastermar. Hy hanne yn fan alles, fan tekstyl oant antikiteiten. Yn syn frije tiid wie er archeolooch.

Horjus die tusken 1925 en 1942 wichtige fynsten fan de Tsjongerkultuer (lette stientiid) op de De Kjellingen by Eastermar. It stientiidûndersyk yn Noard-Nederlân stie doetiids noch yn de berneskuon. Sa krige syn namme klank ûnder archeologen. In part fan de fynst, fjoerstiennen ark, waarden yn 1954 troch de Dútske archeolooch Hermann SchwabedissenHermann Friedrich Wilhelm Heinrich Schwabedissen (1911-1996), Dútsk pre-histoarikus en heechlearaar, yn gearwurking mei de Nederlanner Assien Bohmers, publisearre. Bohmers, dy't inkele fynsten krigen hie fan Horjus, hie yn 1947 ek al ris wat fan de fynsten publisearre.

Horjus syn samling artefakten binne yn 1959 troch it Frysk Museum oankochtLjouwerter Krante 27 oktober 1959, Fries Museum koopt steentijdscollecties. Fierders binne yn it Streekmuseum / Folksstjerrewacht yn Burgum ek fynsten fan him te sjen.

Literatuer , Pieter Horjus. 187-1962. Amateur -archeologie in het oosten van Friesland. Streekmuseum Tytjerksteradiel. Burgum, 1995

Kategory:Frysk ûndernimmer Kategory:Frysk amateur-archeolooch Kategory:Persoan berne yn Makkum Kategory:Persoan stoarn yn Harns Kategory:Eastermar Kategory:Persoan berne yn 1887 Kategory:Persoan stoarn yn 1962