thumb|Diana en Dodi (1998), by Harrods Emad El-Din Mohamed Abdel Moneim Al-Fayed (Aleksandrje, 15 april 1955 — Parys, 31 augustus 1997) wie de soan fan Mohamed Al-Fayed.
Hy siet op it Institute Le Rosey yn Switserlân. Hy hâlde him benammen dwaande mei filmproduksjes; hy wie ien fan de produsinten fan de film Chariots of Fire (1981).
Hy stoar by in autoûngemak yn Parys tegearre mei Diana, Prinses fan Wales, wylst se efterneisitten waarden troch paparazzi. Harren koarte relaasje kaam destiids yn opspraak doe't in oare frou kleemde dat se ferloofd west hie mei Dodi en dat sy dêrnei ferlitten wie foar Diana.
Yn de media-gekte dy't útbruts nei it auto-ûngelok wienen der in soad spekulaasjes oer it karakter fan Dodi. Benammen syn kar fan froulik selskip en syn motiven om in relaasje oan te gean mei Diana waarden ûnder de loep nomd. Syn heit rjochte in monumint ta neitins fan Dodi en Diana op by Harrods, dêr't hy de eigener fan wie.
Literatuer - Dicht bij Diana herinneringen van haar butler, ( 2007 )
Kategory:Egyptysk ûndernimmer Kategory:Egyptysk filmprodusint Kategory:Ingelsk filmprodusint Kategory:Ingelsk ûndernimmer Kategory:Egyptysk persoan fan Turksk komôf Kategory:Ingelsk persoan fan Egyptysk komôf Kategory:Ingelsk persoan fan Turksk komôf Kategory:Persoan dy't omkommen is by in ferkearsûngemak Kategory:Persoan berne yn 1955 Kategory:Persoan stoarn yn 1997