Kim Cattrall (folút: Kim Victoria Cattrall; útspr.: [kəˈtɹæl], likernôch: "kuh-trel") (Liverpool, 21 augustus 1956) is in yn 'e Feriene Steaten wenjend en wurkjend Britsk-Kanadeesk-Amerikaansk aktrise en skriuwster. Hoewol't se yn gâns toanielstikken, films en tillefyzjesearjes spile hat, is se benammen bekend wurden fan har rol as de seksueel frijfochten Samantha Jones yn 'e romantyske komeedzjedramasearje Sex and the City (1998–2004). Foar dy rol ûntfong se gâns nominaasjes foar prizen en wûn se twa Screen Actors Guild Awards en ien Golden Globe. Dêrnjonken hie Cattrall ek bekende rollen yn films as Porky's, Police Academy, Big Trouble in Little China, Mannequin en Star Trek VI: The Undiscovered Country. Fierders hat Cattrall ek ferskate non-fiksjeboeken oer seks publisearre.

Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Kim Cattrall waard berne op 21 augustus 1956 yn 'e wyk Mossley Hill fan 'e Ingelske havenstêd Liverpool. Se is fan Ingelsk etnysk komôf. Har âldelju hiene allebeide de Britske nasjonaliteit. Har heit wie Dennis Cattrall (1925–2012), in boukundich yngenieur, en har mem wie Gladys Shane Baugh (1929–2022), dy't wurke as sekretaresse. Cattrall hat twa susters en se hie ek in jongere broer, Christopher (1963–2018).

Doe't se noch mar in fearnsjier âld wie, emigrearren har âlden mei de húshâlding nei Kanada, dêr't Cattrall in naturalisearre steatsboarger waard. Se groeide op yn Courtenay, oan 'e eastkust fan Vancouvereilân yn 'e provinsje Britsk-Kolumbia. Doe't se 11 jier wie, kearde se mei har mem in skoft werom nei Liverpool om't har beppe yn 'e minnichte rekke wie. It fuortset ûnderwiis folge Cattrall oan 'e Georges P. Vanier Secondary School yn Courtenay, dêr't se yn 1972 slagge foar har eineksamens. Neitiid lei se akteareksamens ôf oan 'e Londenske Akademy fan Muzyk en Dramakeunst (LAMDA), foar't se har mei 16 jier yn New York fêstige om in aktearoplieding te folgjen oan 'e Amerikaanske Akademy foar de Dramakeunsten (AADA). Yn 1975 studearre se dêr mei 19 jier ôf.

Karriêre Foarôfgeande oan Sex and the City Fuort nei't se har oplieding oan 'e AADA ôfrûne hie, tekene Cattrall in kontrakt foar fiif jier mei de foaroansteande regisseur Otto Preminger. Har debút as filmaktrise makke se yn 1975 yn Preminger syn aksjeskriller Rosebud. Yn 1976 kocht filmstudio Universal Pictures har kontrakt mei Preminger ôf en waard Cattrall ien fan 'e lêste aktrises dy't troch dy studio ûnder kontrakt nommen waarden. (It kontraktspilerstelsel waard yn 1981 nei hast tachtich jier beëinige.) De fertsjintwurdichster fan Universal yn New York, Eleanor Kilgallen, caste Cattrall yn gastrollen yn withoefolle tillefyzjesearjes, wêrûnder de detektivesearje Quincy, M.E., de sikehûssearje Trapper John, M.D., de plysjesearjes Columbo en Starsky & Hutch, de aksjesearje Charlie's Angels, de superheldesearje The Incredible Hulk en de westernsearje How the West Was Won. Dêrnjonken spile se ek yn The Bastard (1978) en The Rebels (1979), twa histoaryske minysearjes basearre op 'e boeken fan bestsellerauteur John Jakes.

Troch har tillefyzjewurk, har talint foar aktearjen en har skientme krige Cattrall al rillegau in beskate bekendheid yn 'e Amerikaanske film- en tillefyzjeyndustry. Sadwaande slagge it har nei fiif jier om 'e oerstap te meitsjen fan gastrollen yn tillefyzjesearjes nei byrollen yn films. Sa spile se yn 1980 mei filmstjer Jack Lemmon yn it foar in Oscar nominearre Tribute. Ynternasjonaal briek Cattrall yn 1981 troch mei har rol as de nije, seksy gymnastykleararesse Lynn Honeywell yn 'e komeedzjefilm Porky's. Yn 1984 folge in oar grut súkses fan harres yn har rol as rike jongedame dy't studinte oan 'e plysje-akademy wurdt yn 'e komeedzjefilm Police Academy. Dêrby wie Cattrall de tsjinspylster fan Steve Guttenberg.

Yn 1985 spile Cattrall yn trije films: it komeedzjedrama Turk 182, de post-apokalyptyske aksjefilm City Limits en, as tsjinspylster fan 'e Frânske filmstjer Jean-Paul Belmondo, yn 'e Frânsk-Kanadeeske misdiekomeedzje Hold-Up. It jiers dêrop hie se de froulike haadrol yn 'e aksjekomeedzje Big Trouble yn Little China, as tsjinspylster fan Kurt Russell. Har haadrol yn 'e cultfilmkomeedzje Mannequin, út 1987, as in paspop dy't beset is troch de geast fan in frou út 'e Egyptyske Aldheid, wie in reuseftich súkses by it publyk. Oare films dêr't Cattrall ein 1980-er jierren yn spile, wiene: de romantyske neo-noir Masquerade, de skrillerfilm Midnight Crossing en de komeedzje Palais Royale (alle trije út 1988), en de mantel-en-degenfilm The Return of the Musketeers en de aventoerekomeedzje Honeymoon Academy (beide út 1989). Yn 1990 wie se te sjen as Judy McCoy yn 'e swarte komeedzje The Bonfire of the Vanities, op basis fan 'e roman mei deselde namme fan Tom Wolfe.

Yn 'e 1980-er jierren wie Cattrall ek aktyf as toanielaktrise en stie se gauris op 'e planken yn foaroansteande teäters yn Los Angeles mei rollen yn toanielstikken as A View from the Bridge fan Arthur Miller (1982), en Trije Susters (1985) en Wylde Huning (1986), beide fan Anton Tsjechov. Mei dat lêste stik makke se yn 1986 ek har debút op Broadway. Yn 1989 spile se de rol Célimène yn In Fijân fan Minsken fan Molière, sawol yn Los Angeles as yn New York. Yn 1993 hie se de titelrol yn it stik Miss Julie.

Ien fan har bekendste rollen spile Cattrall yn 1991 as de ferriedlike Vulcaanske luitenant Valeris yn 'e science fiction-film Star Trek VI: The Undiscovered Country. Se wie sels belutsen by de ûntwikkeling fan dat personaazje troch har eigen hierstyl te ûntwerpen en mei te tinken oer in tapaslike namme. It jiers dêrop wie se te sjen yn 'e dystopyske plysjehorrorfilm Split Second. Yn 1995 kamen der twa films fan har út: de skriller Above Suspicion en de komeedzje Live Nude Girls. Op 'e tillefyzje hie Cattrall yn 'e 1990-er jierren gastrollen yn searjes as Dream On, Screen One en The Outer Limits. Yn 1997 liende se har stim oan it personaazje Tami Margulies yn in ôflevering fan 'e tekenfilmsearje Duckman. Ek spile se yn 'e minysearjes Wild Palms en Angel Falls (beide út 1993), Tom Clancy's Op Center (1995) en Invasion (1997), en yn tillefyzjefilms lykas Miracle in the Wilderness (1991), Double Vision (1992), Running Delilah (1993) en The Heidi Chronicles (1995).

Sex and the City Yn 1997 waard Cattrall cast foar in fêste rol yn 'e feministyske, romantyske komeedzjedramasearje Sex and the City fan tillefyzjeprodusint Darren Star. Dy rige waard fan 1998 ôf útstjoerd op it Amerikaanske tillefyzjenetwurk HBO en wie hast fuortendaliks al in trochslaand súkses. Cattrall en har tsjinspylsters Sarah Jessica Parker, Kristin Davis en Cynthia Nixon spilen fjouwer freondinnen dy't elts in froulik stereotype fertsjintwurdigen. It personaazje fan Cattrall wie Samantha Jones, in seksueel frijfochten frou foar wa't de jierren al wat begjinne te tellen en dy't derfan hâldt om kekene lju (lykas Davis har personaazje Charlotte York) te shockearjen. Mei't Sex and the City ek yn gâns oare lannen en territoaria op 'e tillefyzje kaam, waard Cattrall as Samantha Jones wier wrâldferneamd, mear noch as Parker, dy't Carrie Bradshaw spile, de eigentlike haadpersoan (en fertelster) fan 'e searje.

Foar har rol yn Sex and the City waard Cattrall fjouwer kear (yn 2000, 2001, 2003 en 2004) nominearre foar de Golden Globe yn 'e kategory bêste byrol fan in aktrise yn in searje, minysearje of tillefyzjefilm. Yn 2003 wûn se dy priis. Yn 2002 wûn se ek, yn 'e mande mei Parker, Davis en Nixon, de Screen Actors Guild Award foar bêste cast fan in komeedzjesearje. Foar dyselde priis waarden se yn 2001, 2003, 2004 en 2005 ek nominearre. Fierders waard Cattrall foar har rol yn 'e searje yn 2002 en 2003 nominearre foar de Screen Actors Guild Award yn 'e kategory bêste byrol fan in aktrise yn in komeedzjesearje, en yn 2000, 2001, 2002, 2003 en 2004 waard se nominearre foar de Emmy Award foar bêste byrol fan in aktrise yn in komeedzjesearje.

Troch har eardere rol yn Porky's wie Cattrall yn 'e 1980-er jierren al útgroeid ta in sekssymboal, mar har rol as Samantha Jones yn Sex and the City fernijde dy status en wreide him út. Sa waard har yn 2005, doe't se 49 jier wie, yn it tydskrift TV Guide it achtste plak taparte op 'e ranglist fan 'e 50 meast seksy stjerren. Cattrall brûkte har status yn 2002 om út te pakken mei in non-fiksjeboek oer seksualiteit, dat útgroeide ta in bestseller. It hiet Satisfaction: The Art of the Female Orgasm en gie oer it orgasme by froulju. Se hie it boek yn 'e mande mei har doetiidske man Mark Levinson skreaun. Yn 2005 wie se ek útfierend produsinte fan en die se de voice-over by de dokumintêre Kim Cattrall: Sexual Intelligence, wêryn't se de skiednis fan seks beljochte en útlei hoe't it yn 'e Westerske kultuer ta sa'n taboe wurde kinnen hat. Under deselde titel ferskynde ek in boek mei in provokative neakenfoto fan Cattrall op 'e omslach. In trêde boek fan Cattrall oer froulike seksualiteit ferskynde yn 2006 ûnder de titel Being a Girl: Navigating the Ups and Downs of Teen Life.

Sex and the City rûn seis seizoenen, fan 1998 oant en mei 2004. Neitiid kroep Cattrall yn 2008 jitris yn 'e hûd fan Samantha Jones foar de reünyfilm Sex and the City. Foar dy rol waard se, yn 'e mande mei Parker, Davis, Nixon en Chris Noth (yn 'e rol fan Mr. Big) nominearre foar de People's Choice Award yn 'e kategory favorite cast. Yn 2010 wie Cattrall op 'e nij fan 'e partij foar de twadde reünyfilm, Sex and the City 2. Plannen foar in trêde reünyfilm rûnen ein 2010-er jierren op 'e non. Dat kaam mei troch Cattrall har wegering om op 'e nij Samantha Jones te spyljen, om't se har net fine koe yn guon fan 'e foarstelde ferhaallinen (it stjerre litten fan Mr. Big en it ûntfangen troch Samantha fan neakenfoto's fan Miranda har fjirtjinjierrige soan Brady).

Nei't dúdlik wurden wie dat it net ta in trêde film komme soe, begûn ein 2010-er jierren de ûntwikkeling fan in revival fan 'e tillefyzjesearje Sex and the City. Cattrall waard lykwols net yn 'e plannen dêrfoar behelle. De searje, dy't as titel And Just Like That... krige, kaam yn 2021 sûnder har op 'e tillefyzje. Yn 2022 prate Sarah Jessica Parker yn in podcast fan it tydskrift The Hollywood Reporter oer de redens dat Cattrall net weromfrege wie. Se sei: "We hawwe har net frege om der diel fan út te meitsjen omdat se dúdlik makke hie dat it net wat wie dat se dwaan woe, en it fielde foar ús langer net noflik oan [om har wer te freegjen], dat it kaam gewoan net by ús op." Yn 2023 ferklapte Cattrall yn in fraachpetear mei de BBC dat it nea bot bûtere hie tusken har en de oare fêste castleden fan Sex and the City, wêrmei't se suggerearre dat der mear efter har bûtensluting siet as Parker hawwe woe. Nettsjinsteande dat kearde Cattrall letter dat jier noch ien kear yn 'e rol fan Samantha Jones werom foar in koarte cameo yn 'e lêste ôflevering fan it twadde seizoen fan And Just Like That...

Nei Sex and the City Yn 2005 wie Cattrall te sjen yn 'e Disney-film Ice Princess, as de keunstrydtrainster fan 'e haadpersoan, dy't spile waard troch Michelle Trachtenberg. Datselde jiers fertolke se op it toaniel yn it Londenske West End de rol fan Claire, in ferlamme frou dy't stjerre wol, yn it oangripende toanielstik Whose Life Is It Anyway? Oare toanielstikken dêr't se yn 'e folgjende jierren yn spile, wiene The Cryptogram (2006) fan David Mamet, Private Lives (2011) fan Noël Coward en Sweet Bird of Youth (2013) fan Tennessee Williams. Ek hie se de rol fan Kleopatra yn 'e trageedzje Antonius en Kleopatra, dat yn 2010 yn har berteplak Liverpool opfierd waard. Ek wurke Cattrall yn 'e twadde helte fan 'e 2000-er jierren mei oan Britske reklamespotsjes foar Tetley-tee en advertinsjes foar Bacardi-rum. In Nijseelânsk reklamespotsje foar it automerk Nissan, wêryn't Cattrall yn har oersekste alter ego Samantha Jones te sjen wie, waard yn 2006 weromlutsen: der wiene klachten kommen oer de seksuele taspilings, dy't guon lju blykber te fier giene.