Johan Barger (Amsterdam, 8 desimber 1853 – Ljouwert, 2 maaie 1900)Johan Barger Biografysk portaal fan Nederlân wie in Nederlânse dûmny en moardner fan Cato de Mirande. thumb|Noorderhaven 29, Harns dêr't Barger Cato de Mirande dea skeat
Biografy Barger waard berne as soan fan timmerman Petrus Barger en Johanna ten Broekhorst. Hy studearre teology te Utert en wie fan 2 maaie 1880 ôf predikant te Goudswaard. Fanwege houliksproblemen flechte er syn went út; yn 1882 wie er in skoft gjin predikant. Yn 1883 waard hy helppredikant te Lettelbert, dêr't er yn 1884 fêste predikant waard. Yn 1885 waard er beroppen yn Garnwerd. Op 16 july 1885 troude er wer, no mei Eilke Venema. Yn 1888 waard er beneamd yn Harns, dêr't er op Noorderhaven 29 wenne.
De 17-jierrige Cato de Mirande krige er kunde oan op kategisaasje. Cato holp syn frou mei naaiwurk en waard in hûsfreondinne fan de Bargers. Barger hie fan 24 novimber 1892 seksuele omgong mei har.Zaak Barger, Ljouwerter Krante, 25 maaie 1894 Op 30 jannewaris 1894 joech er in soad argewaasje op in houliksfeest fan de Mirandes, dat Cato har heit ferbea har fierder kontakt mei de dûmny. Dy helle syn frou lykwols oer om Cato thús út te nûgjen. Op 6 maart 1894 sleat Barger Cato, dy't doe 23 jier wie, op yn in foarkeamerke en lei it op har ta. Doe't sy neat fan him witte woe skeat er har dea mei in revolver dy't er yn Amsterdam kocht hie. Hy gie fuortendaliks nei it plysjeburo en ferhelle plysje Johs. v.d. Meulen fan de moard. By it ferhoar sei er: "Ik ben geen Christen meer, ik ben een schurk, ik heb een moord gedaan!"
Barger krige mr. W.B. Buma as ferdigener tawiisd.rubriek Rechtszaken, Leeuwarder Courant, 28 april 1894 Yn de sitting op 24 maaie, easke it Iepenbier Ministearje (IM) libbenslang.rubriek Rechtszaken, Leeuwarder Courant, 24 maaie 1894 De abbekaat woe net hawwe dat it moard mei opset sin west hie.Vervolg zaak-Barger, Leeuwarder Courant, 26 maaie 1894 Barger waard op 2 juny 1894 troch it gerjochtshof fan Ljouwert feroardiele ta libbenslange finzenisstraf, mei op grûn fan oantekenings út syn deiboek. Hy tekene heger berop tsjin it fonnis oan.rubriek Rechtszaken, Leeuwarder Courant, 11 juny 1894 It IM die itselde; it woe berikke dat by it eventueel legere straf, Barger dochs de rjochten sa as bedoeld yn artikel 28 sub 1-5 fan it Wetboek fan Strafrjocht kwyt wêze soe.rubriek Rechtszaken, Leeuwarder Courant, 16 july 1894 Op 13 july tsjinne it heger berop.rubriek Rechtszaken, Leeuwarder Courant, 13 july 1894
It fonnis waard op 25 july 1894 yn heger berop befestige. Barger syn houlik mei Eilke Venema waard op 16 april 1895 te Harns ûntbûn.Parenteel fan Jan Venema Hy stoar mei 46 jier yn finzenskip en waard beiërdige op it hôf fan de Ljouwerter finzenis.
Folkslietsje Oer dûmny Barger en de moard waard yn 1894 in ferske makke:
Tarara boemdieeDe blikken domineeMei in 'blikken dominee' wurdt in sabeare dûmny bedoel; sjoch Een blikken dominee, yn: F.A. Stoett Nederlandse spreekwoorden, spreekwijzen, uitdrukkingen en gezegden (4e druk) (1923-1925) Die schoot met kruit en loodZijn arme naaister dood
Nu zit hij in de kastAl aan een ketting vast De jongens roepen luid:Die komt er nooit meer uit
Bibliografy , Van Bloesems en knoppen - dichtbondel, 1875. ,De blikken dominee 2011 (Friese Pers Boekerij, ISBN 9789033009907).
Kategory:Nederlânsk predikant Kategory:Nederlânsk krimineel Kategory:Frysk predikant Kategory:Frysk krimineel Kategory:Persoan feroardiele foar moard Kategory:Moardner Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Skiednis fan Harns Kategory:Persoan berne yn 1853 Kategory:Persoan stoarn yn 1900