De Bûtenposter Keninginne docht de promoasje foar aktiviteiten yn en om Bûtenposter Feestwike. De ferkiezing giet fia ynternet. De kroaning wurt dien troch de foarige keninginne. De foarstinne fan Bûtenpost is de nije namme fan de eardere "Wâldkeninginne". De Keninginne iepenet de feestwike, rikt prizen út by it fierljeppen en sit bytiden yn de sjuery by it Konkoers Hippyk Bûtenpost. It kofjedrinken by de âlderein heart ek ta de taken.
Keninginne fan Bûtenpost wienen oant no ta: Jier Keninginne Aldens 2011 Riska Bouma 16 jier 2010 Nathalie Dijkstra 16 2009 Sjoeke Boorsma 18 2008 Tjitske Renkema 18 2007 Aline Dijkstra
Kategory:Bûtenpost