Kopkewier wie in delsetting ûnder Marrum yn de gemeente Noardeast-Fryslân.
De namme komt ek foar as Copkewier. Kopkewier lei krekt benoarden it sintrum fan it doarp. It waard wol sjoen as tsjinhinger fan Pantsjewier dat besuden Marrum leit. Sa ûntstie de kombinaasje kop-en-pantsje. De eigennamme Kopke soe in fariant fan de Bibelske namme Jacob wêze kinne.
Sjoch ek Fryske doarpen, buorskippen en delsettings
Kategory:Marrum Kategory:Buorskip yn Ferwerderadiel Kategory:Buorskip yn Noardeast-Fryslân