It Museu de Arte de São Paul (Portugeesk, Keunstmuseum fan São Paulo) is sûnt 1947 in tige grut museum yn it hert fan São Paulo, Brazylje.

Kolleksje It museum hat in grutte kolleksje Europeeske keunst, mûglik de grutste yn Súd-Amearika. Fierders binne der ek kolleksjes fan keunst út Aazje en út Afrika, en oaren. Alles byelkoar het it museum mear as achttûzen stikken.

Gebou It gebou hat glêzen muorren, dat keunstwurken net oan de muorre hongen wurde kinne, mar wier tagonklik wêze moatte for it publyk. Lykwols steane der gauris losse wandsjes yn de sealen, dat dan is it wat dat oanbelanget net oars as oare museums. It museum stiet op poaten, dat op strjithichte in plein, yn it skaad, oerbliuwt foar it publyk.

Kategory:Museum yn Brazylje Kategory:São Paulo Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1947 Kategory:Bouwurk út 1947 Kategory:Keunstmuseum