De Kletten is in buorskip, en de namme fan in wei, oan de noardwestrâne fan Drachten yn de gemeente Smellingerlân. De namme komt ek foar as Kletten en yn de strjitnammen Kletten en de Kletsterleane en it wetter Kletsterfeart. thumb|De Kletten op de Schotanuskaart De buorskip hie yndertiid in nôtmûne en in herberch. De mûne waaide yn 1735 om. Omdat er te min mealbelêsting opbrocht is de 'Kletster Rogmolen' net fannijs boudHistoaryske Feriening De Pein, wegwijzer nr. 7.

De buorskip hearde feitlik ta de himrik fan De Pein, mar lei tsjin de doarpsgrins mei Noarder Drachten oan.

Untstean fan de namme Kletten of klitten binne turfkluten. Ein 16e iuw waard de turf út Folgerster feanen, noardeastlik fan De Folgeren, ôffierd fia de Noarder-Dracht, letter Burmaniasleat neamd, en opslein op it plak dêr't De Kletten ûntstie.* : ‘Drachtster namen’, toponymie van Drachten, 1997

Sjoch ek Fryske doarpen, buorskippen en delsettings

Kategory:Drachten Kategory:De Pein Kategory:Buorskip yn Smellingerlân