250px|thumb|Boargemaster Andries Boelens op in fragmint fan "De berte fan Kristus mei de oanbidding fan de harders" troch Jacob Cornelis fan Oostsanen út 1512, Napels, Museo Nazionale di Capodimonte. Andries Boelens (Amsterdam, 1455 - dêre, 1525) wie in skepen en boargemaster fan Amsterdam. Yn it tiidrek 1496 - 1517 wie er fyftjin kear boargemaster.
Andries Boelens kaam út in yn de 15e en 16e iuw foaroansteande Amsterdamske famylje. Hy is de pakesizzer fan Durk Boelens dy't foar him trije kear boargemaster wie. Mei 15 boargemasterskippen stiet Boelens op it twadde plak fan langstsittende boargemasters fan Amsterdam.
Oer syn rol yn de polityk fan de stêd Amsterdam is bûten de 17e iuwse stúdzje fan J. van Wieringen Ghijsberts net folle bekend. Ut de stúdzje soe blike dat Andries Boelens it rjocht fan it fieren fan de keizerskroan yn it wapen fan Amsterdam mooglik krigen hawwe soe troch in liening oan Keizer Maksimiliaan I te jaan; Hij leende aan Keyser Maximiliaan, een goede somme gelts, waerdoor hij des Keysers gunst, en voor de Stad van Amsterdam, de keyserlijcke kroon op haer waepenen verkreegh'.Het patriciaat van Amsterdam, vertegenwoordigd door de genealogie van ’t geslacht Boelens, met aangehuwde familiën en nakomelingschap, J. van Wieringen Ghijsbertsz., werútjefte troch J.A. Alberdingk Thijm, Amsterdam, C.L. van Langenhuysen, 1884, 1-58
Vondel oer Boelens Waerna Maxmiliaen, Roomsch Koning, hoogh ge-eert, Haer' wapenkruisschilt kroont met diamante straelen, En parlen van zijn kroone, om eeuwighlijck te praelen, Als met een danckbaer merck van zijne majesteit, Voor Ridder Boelens gout, en 's helts grootdaedigheit, Inwydinge van 't Stadthuis t'Amsterdam -De werken van Vondel, Deel 5, DBNL, De Maatschappij voor goede en goedkoope lectuur, Amsterdam 1931. Lofdicht op Cornelis de Graeff, frijhear fan Súdpolsbroek, dy't ôfstammet fan de famylje Boelens, 1655. bledside 873, fersen 388-393.
Nettsjinsteande dat Joost van den Vondel dy jefte neamde, is der (noch) gjin bewiismateriaal fûn dat de bewearing fan J. van Wieringen Ghijsbertsz stavet.
Vondel dichte oer him yn Op de Wapenkroon van Amsterdam'' : Indien men uwen gryzen stam, Ter heerschappij des lants geschapen, En die ’s lants vryburg Amsterdam Gekroont heeft met de kroon van ’t wapen, Den lauwer schonk, die niet verdort, Noch schoot de dankbaarheid te kort. Had Andries niet Stadts eer bewaert, En ’s Keizers glori trouw verdadight, August had met zijn edel swaert Den Ridder spader begenadight, Wiens miltheit Oostenryck behaegt Daer Amstels schilt de kroon afdraagt.
Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk wethâlder Kategory:Boargemaster fan Amsterdam Kategory:Skiednis fan Amsterdam Kategory:Persoan berne yn 1455 Kategory:Persoan stoarn yn 1525