Joachimus Lunsingh Tonckens (Westervelde, 28 maart 1817 - De Haach, 1 april 1893) wie in Nederlânsk dokter en boargemaster.

Libben en wurk thumb|left|Bordena, de wenning dy't Tonckens yn 1868 bouwe liet yn Beetstersweach Tonckens wie in soan fan de lânbouwer en wethâlder fan Smilde Elzo Tonckens en Elisabeth Reinders Nijensikkinge. Hy wie in pakesizzer fan Joachimus Lunsingh Tonckens, eigener fan Huzinge Westerveld of de Tonckensboarch. Hy studearre medisinen oan de Universiteit fan Grins en promovearre dêr yn 1842 ta medysk doktor en yn 1843 ta doktor yn de ferloskundeNieuw Nederlandsch biografisch woordenboek. Diel 10: Joachimus Lunsingh Tonckens. Hy fêstige him as dokter op De Sweach. Hy wie dêr de buorman fan de famylje Van Teyens en krige de grouwe erfenis fan dat laach, dat gjin neiteam hie. Hy liet it monumintale pân Bordena oan de Haadstrjitte 31 bouwe. Hy wie lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân. Yn 1865 waard er beneamd ta boargemaster fan Opsterlân. Mei dy funksje hold er yn jannewaris 1873 op. Hy waard opfolge troch Albertus van Harinxma thoe Slooten Hy ferhuze nei De Haach, dêr't er yn 1893 yn 'e âldens fan 76 jier ferstoar.

Tonckens boaske op 15 july 1847 yn Ljouwert mei de dêr berne Helena Aletta Koumans Smeding, dochter fan Pieter Koumans Smeding, útjouwer fan de Ljouwerter Krante en Johanna Vitringa Coulon. Ut dat houlik waarden fiif dochters berne. Syn broer Sijbrandus Hellinga wie boargemaster fan Odoorn.

Kategory:Nederlânsk dokter Kategory:Nederlânsk gynekolooch Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Frysk dokter Kategory:Frysk gynekolooch Kategory:Frysk politikus Kategory:Boargemaster fan Opsterlân Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Drintsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1817 Kategory:Persoan stoarn yn 1893