Barsum is in delsetting noardeastlik fan Lollum yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De buorskip leit oan 'e Tsjommer Feart dy't súdeastlik fan 'e buorskip rint. Oan oare kant de feart leit de terp Lopens mei de pleats Grut Lopens.

Skiednis De namme komt ek foar as Beersuert, Berswert en Barzum. De útgong -wert komt fan "opwurpen hichte" en ber- soe komme kinne fan it Aldfryske ber - "slyk". Yn 'e 17e iuw waard it twadde part ferfongen troch -um, mooglik bard ûnder ynfloed fan Lollum, itjinge net in ûngewoan ferskynsel wie.

Sjoch ek Fryske doarpen/buorskippen/delsettings

Kategory:Lollum Kategory:Buorskip yn Wûnseradiel Kategory:Buorskip yn Súdwest-Fryslân