thumb|rjochts|200px|Tjallingii yn de Omgong fan Switserlân 2008 Maarten Tjallingii (Ljouwert, 5 novimber 1977) is in earder Fryske hurdfytser.

Syn grutste triomf as hurdfytser behelle er doe't er tredde waard yn Parys-Roubaiks. In grutte oerwinning is dy fan de Omgong fan Belgje, dy't hy wûn yn 2006. Yn july fan datselde jier wûn Tjallingii ek de Omgong fan Kwinghai Lake, in 9-daagse etappekoers yn Sina. It parkoers fan dy omgong wurdt skaaimerke troch it grutte tal oan klimkilometers. Boppedat hat in grut part fan alle etappes plak op mear as 2000 meter hichte. Yn 2008 makke Tjallingii de oerstap nei de ProTour-ploech Silence - Lotto. Nei ien seizoen gie er nei de Rabobank-ploech. Foardat Tjallingii de kar makke foar in karriêre as hurdfytser op de dyk, wie er aktyf as mountainbiker. Tidens de Omgong fan Frankryk fan 2012 kaam Tjallingii al yn de tredde etappe te fallen, hy fytste de etappe noch wol út mei wat letter blykte in brutsen heup.

Wichtichste oerwinnings 2e etappe yn de Omgong fan Burkina Faso (2001) Rund um Rhede (2003) 1e etappe + einklassemont Omgong fan Burkina Faso (2003) Afxentia, Mountainbike, Elite/U23 (2004) Vuelta a Valladolid, Mountainbike (2005) 1e etappe + einklassemint Omgong fan Belgje (2006) 7e etappe + einklassemint Omgong fan Kwinghai Lake (2006)

Dielname oan grutte omgongen Dielname oan de Omgong fan Frankryk 2010 - 132ste; 2011 - 99ste; 2012 - net finisht;

Dielname oan de Omgong fan Spanje 2008 - 58ste; 2014 - 137e; 2015 - net finisht;

Dielname oan de Omgong fan Itaalje 2009 - 100ste; 2013 - 131e; 2014 - 92e; 2015 - 119e; 2016 - 122e;

Ploegen 2003 – Marco Polo Cycling Team 2004 – Marco Polo Cycling Team 2005 – Marco Polo Cycling Team 2006 – Skil-Shimano 2007 – Skil-Shimano 2008 – Silence-Lotto 2009 – Rabobank 2010 – Rabobank 2011 – Rabobank 2012 – Rabobank 2013 – Belkin Pro Cycling 2014 – Belkin Pro Cycling 2015 – Team LottoNL-Jumbo 2016 – Team LottoNL-Jumbo

Keppeling om utens Webstee fan Maarten Tjallingii

Kategory:Frysk hurdfytser Kategory:Frysk mountainbiker Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1977