thumb|left|De oan de strjitkant (Hoarnestreek) lizzende efterkant fan de Roptastate thumb|De Roptastate út it súdwesten wei thumb|De foarein fan Roptastate De Roptastate is in monumintale pleats mei hearehûs tusken Winaam en Roptasyl yn de gemeente Harns.
Skiednis De Roptastate is gjin stins, mar in state: in pleats mei hearehûs.Der hat wol in stins Roptastate bestien, mar dy lei ûnder Mitselwier. De Roptastate tichtby Winaam waard om 1831 boud yn opdracht fan Jan Sikkes IJzenbeek en syn frou Geertje Oosterbaan.De 52-jierrige widner Jan IJzenbeek troude op 28 april 1831 yn Harns mei de 41-jierrige widdo Geertje Oosterbaan. Neffens Stenvert (et al.) wie IJzenbeek boargemaster fan Harns. Yn de argiven fan de boargerlike stân fan Harns stiet hy as keapman registrearre. Efter it hearehûs, oan de súdeastlike side, lieten se troch de túnarsjitekt Lucas Pieters Roodbaard in park yn de saneamde lânskipsstyl oanlizze mei slingerpaden en fiverpartijen.
Yn 1890 waard de pleats by opbod ferkocht. Der waard 67.736 foar bean.Harnzger histoaryske boarnen: Stads- en dorpskroniek van G.A. Wumkes
It haadgebou fan Roptastate, de tún en it park, de stâl, in túnkoepel in tsjinstwenning en in smei-izerene hingbrêge binne erkend as ryksmonuminten.
Sjoch ek Roptastate (Mitselwier)
Kategory:Pleats yn Fryslân Kategory:Ryksmonumint yn Harns (gemeente) Kategory:State Kategory:Stins of state yn Harns (gemeente) Kategory:Bouwurk út 1831