Foarfallen Jeropa
Keizer Augustus sticht yn Galje de Romeinske koloanje: Augustoritum (Limoges). De stêd sil letter in wichtich knooppunt wurde fan hannelswegen. Drusus sticht Castellum Bonna (Bonn) en bout in brêge oer de Ryn. It legerkamp foarmet in útfalsbasis tsjin Sjatten en Sjerusken. Yn Rynlân-Palts by de Limes lâns lit er it Romeinske grinsfort Noviomagnus Nemetum (tsjintwurdich Speyer) bouwe.
Palestina De Joadske timpel yn Jerusalim wurdt nei in grutte restauraasje ynwijd troch Herodes de Grutte.
Sina East-Turkestan (tsjintwurdich Sinkiang) werpt it jok fan de Han-dynastye fan har ôf en ferdriuwe de Sinezen út it Tarimbekken.
Berne
Aleksander de Alabarch, lieder fan de Joadske mienskip yn Aleksandrje. 1 augustus - Klaudius I, keizer fan it Romeinske Ryk († 54). Herodes Agrippa I, kening fan Judeä († 44).
Ferstoarn Titus Statilius Taurus (50), Romeinsk konsul en kriichshear.
Kategory:1e iuw f.Kr.