Foarfallen Itaalje Yn Rome wurde Tiberius Klaudius Nearo en Publius Quinctilius Varus, troch de Senaat keazen ta konsul fan it Imperium Romanum. Keizer Augustus lit op it Marsfjild it Ara Pacis Augustae ("Alter foar de Augusteyske frede") bouwe ta eare fan syn trijejierrige fredesmissy yn Galje. It Teater fan Balbus wurdt ynwijd troch Lusius Kornelius Balbus.
Europa Nearo Klaudius Drusus stiftet yn Rynlân-Palts oan de Ryn, it Romeinske grinsfort castellum Mogontiacum (no Mainz). Drusus wurdt beneamd ta prokonsul fan Galje en makket in ynspeksjereis de noardlike ryksgrins bydel. Hy slút in hannelsferdrach mei de Bataven en Friezen.
Berne Drusus de Jongere, soan fan Tiberius Klaudius Nearo (stoarn 23) Livilla Julia, dochter fan Nearo Klaudius Drusus (stoarn 31)
Ferstoarn
Markus Aemilius Lepidus, Romeinsk konsul en Pontifeks Maksimus
Kategory:1e iuw f.Kr.