Foarfallen Itaalje Keizer Augustus giet nei Galje dêr't hy it bestjoer opnij organisearret fan de provinsjes Aquitania, Belgica en Lugdunensis. Augustus set in fjildtocht útein tsjin de Keltyske berchstammen yn de Alpen, om de hannelswegen nei Rome feilich te stellen.
Jeropa Caesar Augustus lit yn de delling fan de Moezel de stêd Augusta Treverorum (Trier) bouwe, mei as doel de haadstêd fan Belgica Prima te wurden. Nearo Klaudius Drusus festiget lâns de Romeinske swette it Romeinske grinsfort Castra Novaesium (tsjintwurdich Neuss). De Germaanske stammen de Tencteri en Usipeti stekke de Ryn oer en ferneatigje it Romeinske legerkamp fan Legio V Alaudae. De Romeinen falle Daasje binnen en plonderje de hannelstêd Histria. Noricum wurdt by it Romeinske Keizerryk ynlive. Tiberius Claudius Nearo leveret in mini-seeslach tsjin de Raetiërs, dy't oan de ouwers fan de Bodenmar wenje. It eilân Mainau wurdt in Romeinske floatbasis.
Berne
Ferstoarn
Kategory:1e iuw f.Kr.