Foarfallen 44 f.Kr. - Julius Caesar wurdt fermoarde. 1493 - Kristoffel Kolumbus komt werom yn Spanje nei dat hy de Amearika's ûntdutsen hat. 1820 - Maine wurdt as 23e steat talitten ta de Amerikaanske Uny. 1848 - Yn Pest, de haadstêd fan it Keninkryk Hongarije, brekt de Hongaarske Revolúsje út, dy't de oanset is ta de Hongaarske Opstân fan 1848. 1951 - It kabinet Kabinet-Drees I set útein. 1985 - De earste ynternetdomeinnamme wurdt registrearre, symbolics.com. 1990 - Mikhail Gorbatsjov wurdt presidint fan de Sovjet-Uny. 1996 - Fokker giet oer de kop. 1998 - Ids Postma fan Dearsum wurdt yn It Hearrenfean foar de twadde kear wrâldkampioen reedriden Oer-alles. 2007 - In grut part fan de wetters yn Fryslân krije de Fryske namme as offisjele namme.

Berne 1845 - Tom Custer, Amerikaansk militêr († 1876) 1855 - Lútsen Wagenaar, Frysk teolooch en publisist († 1910) 1855 - Jacobus ten Zweege, Frysk platielskilder en ûntwerper († 1917) 1869 - Jan Reitsma, Frysk keatser († 1959) 1879 - François Jaffrennou, Bretonsk dichter en aktivist († 1956) 1897 - Jackson Scholz, Amerikaansk sprinter († 1986) 1908 - Baburao Nimal, Yndiaask hockeyer († 1998) 1910 - Fokje Bleeker-Dijkstra, Frysk fersetsstrider († 2000) 1912 - Lightnin' Hopkins, Amerikaansk sjonger († 1982) 1913 - Lex Goudsmit, Nederlânsk akteur († 1999) 1915 - D. Ivan Dykstra, Amerikaansk predikant, teolooch en filosoof († 1999) 1918 - Jacob Walstra, Frysk atleet († 1985) 1933 - Ruth Bader Ginsburg, Amerikaansk opperrjochter († 2020) 1939 - Gunnar Daan, Nederlânsk arsjitekt († 2016) 1944 - Pier Boorsma, Frysk dichter en skriuwer 1947 - Ry Cooder, Amerikaansk gitarist 1969 - Carla Zijlstra, Frysk hurdrydster 1970 - Derek Parra, Amerikaansk reedrider 1971 - Sandra Zwolle, Frysk reedrydster

Ferstoarn 44 f.Kr. - Julius Caesar, Romeinsk fjildhear en diktator (* 100 f.Kr.) 1587 - Caspar Olevianus, Dútsk teolooch en tsjerkeherfoarmer (* 1536) 1849 - kardinaal Giuseppe Caspar Mezzofanti, Italjaansk aartsbiskop (* 1774) 1885 - Frank North, Amerikaansk militêr (* 1840) 1937 - H.P. Lovecraft, Amerikaansk skriuwer (* 1890) 1945 - Age Solkes Miedema, Frysk bankier († 1867) 1981 - René Clair, Frânsk filmregisseur en skriuwer (* 1898) 1983 - Johann Blank, Dútsk wetterpoloër (* 1904) 1984 - Kenneth Carpenter, Amerikaansk diskussmiter (* 1913) 1989 - Manlio Di Rosa, Italjaansk skermer (* 1914) 1996 - Robert Pearce, Amerikaansk wrakselder (* 1908) 2005 - Loe de Jong, Nederlânsk skiedkundige en sjoernalist (* 1914) 2011 - Trinus Riemersma, Frysk skriuwer (* 1938) 2014 - Reşat Amet, Krimtataarsk aktivist (* 1975)

Kategory:Datum 15