Yep Gerardus Kramer (Nijskoat, 15 novimber 1957) is in Frysk reedrider. Yep is ferneamd wurden troch it reedriden op de langebaan; jierrenlang wie er ien fan de bêste Nederlânske langebaanriders. Hy hat lykwols nea in kampioenskip wûn omdat er de pech hie dat yn syn tiid Hilbert van der Duim ek aktyf wie. Yn 1984 waard er opereare oan in hernia en hy siet oant 1986 yn de kearnploech. Neidat Yep mei it langebaan-reedriden ophold is er oerstapt op it maratonriden. Helle 28 maratonoerwinnings op keunstiis, en waard yn 1996 kampioen op natueriis. Ek hjir hat er jierrenlang ien fan de toppers west. Waard dêrnei langebaantrener by it gewest Fryslân. Sûnt 2011 is er maratoncoach.

Yn 1997 die Kramer mei oan de Alvestêdetocht en waard yn dizze barre tocht 8e, efter de winner Henk Angenent.

Yep Kramer is de heit fan Sven en Brecht Kramer. Soan fan Hendrik Kramer dy't seis Alvestêdekrúskes helle.

jaarNK AllroundEK AllroundWK Allround 1979 1980 1981 11e 1982 16e 1983 4e 1984 7e 6e 1985 - - 1986 12e 1984 7e 6e 1985 - - 1986 12e

Maratonresultaten 1989: winner KNSB-cup maratonriden 1990: winner KNSB-cup maratonriden 1996: winner NK maraton op natoeriis

Persoanlike rekords 500m 38.60 1500m 1.57.42 5000m 7.04.97 10000m 14.49.50

Kategory:Frysk reedrider Kategory:Alvestêdetochtrider Kategory:Frysk Olympysk dielnimmer Kategory:Frysk reedrydtrainer Kategory:Persoan berne yn Nijskoat Kategory:Persoan berne yn 1957