Burgum is it haadplak fan de gemeente Tytsjerksteradiel. It plak leit oan it Prinses Margrietkanaal; nei it wêst giet dat troch de Kromme Ie fierder nei de Wide Ie, nei it easten oer de Grinzer Feart nei de Burgumer Mar. Foar Burgum oer leit oan de súdkant fan it kanaal it doarp Sumar.
Burgumers wurde tradisjoneel útskolden foar 'kowesturten'. Neffens it ferhaal ha de Burgumers dy namme ferstjinne om't der in Burgumer west hat dy't in ofskuorde sturt fan in ko wer oplape troch it ôfskuorde stik der wer mei in spjelde oan fêst te setten.Tietjerksteradeel, Spahr en Ypma, side 364
Under Burgum falt ek it buorskip Noardermar. Oant 1930 hearde ek Burgerheide (tsjintwurdich Noardburgum) by Burgum. Sûnt 1989 is de offisjele namme fan it doarp it Fryske Burgum, derfoar wie dat Bergum.
Burgum hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.
Namme De plaknamme is yn de rin fan de tiid net hiel bot feroare. Yn de 13e iuw waard Burgum as 'Berchem' skreaun, in iuw letter as 'Berghym' en wer letter as 'Beergum', 'Birgum' en lang om let Burgum. De betsjutting fan it earste diel ('Berg') moat socht wurde yn 'hichte'. Burgum soe dan 'op 'e hichten' betsjutte, in ferwizing nei de súdrâne fan de sânrêch dêr't de earste Burgumers harren nei wenjen setten.Burgum, Wâld- en Wetterdoarp, ISBN 90-9006084-7
Skiednis Kleaster thumb|left|250px|De Krústsjerke Yn it lêst fan de 12e iuw waard út it Kleaster Lúntsjerk, ûnder Achlum, wei, it Burgumer Nikolaaskleaster stifte, dat befolke waard mei augustynske koarhearen fan Barrahûs. It Barrahûs (in stins mei in kapel) bleau tenei bestean as in úthôf fan it Burgumer kleaster, dat ek wol it Berchkleaster of it Barrakonvint neamd wurdt. De muontsen setten fuort útein mei de bou fan it kleaster, dat wat noardliker fan de tsjerke fan Noardermar kaam te stean (no ûnderdiel fan it tsjerkhôf). Dy oan Sint-Martinus wijde tsjerke hie der nei alle gedachten doe al in iuw stien en waard yn it ramt fan de komst troch de bewenners fan it kleaster ferboud. Njonken de úthôf yn Barrahûs krige it kleaster yn 'e rin fan de tiid in soad grûnbesit troch skinkings en ek in stins yn Wurdum. Nammen lykas de Mûntsewei (rjochting Suwâld), Mûntsesleat, de Burger Stûken ûnder Garyp en Warten en de Mûslannen ( > Mûntselannen) yn Alde Miede ferwize nei dy besittings. De koarhearen brochten it rûge lân yn kultuer, bediken, soargen foar in bettere ôfwettering en wurken yn de feanterij. Mei de reformaasje kaam der in ein oan it Berchkleaster. Nei it ferried fan Rennenberg moasten de muontsen flechtsje en rintmaster Popke Roorda krige de taak fan de Steaten om tafersjoch op de leechsteande kleastergebouwen te hâlden. Om't der ferlet fan boumateriaal wie stie it frij alles ôf te brekken wat net ferhierd wurde koe. Wis is dat it kleaster der teminsten noch oant yn 1606 stien hat en as pastorije en pleats ferhierd waard. Fan it kleaster is fierder neat oerbleaun. Yn 'e jierren 1970 moast it tsjerkhôf útwreidzje mei de grûn dêr't earder it kleaster stien hie. Om't de grûn groatfol boupún siet fan it kleaster moast it stik earst ôfgroeven wurde. Dêrby waarden ek dielen fan de fûneminten werom fûn.
Opskuor fan 1747 It systeem fan de belestingpacht foar de plattelânsbefolking en de ûnfrede oer it útoefenjen fan de macht troch de reginten yn de 17e iuw late ta in opskuor yn 1747. De grytmannen wiene hast allegear oan inoar besibbe en skoden inoar de amten ta yn ruil foar wat oars. De hege belestings en it ynsetten fan belestingamtners, dy't foar it beteljen fan in fêst bedrach oan de oerheid it rjocht krigen om alles wat der oan belesting ynhelle waard sels te hâlden, joegen in soad argewaasje. Yn Fryslân sette de rebûlje yn Burgum útein, dêr't in kliber folk it opsichtershûs by de mûne sloopte. Ut Burgum wei fersprate de opskuor nei oare plakken yn Fryslân. Fan tasizzings om it systeem te feroarjen is neat op 'e hispel kommen, de steedhâlder woe it hâlde sa't it wie.
19e iuw De Frânsen makken in ein oan it systeem fan de macht fan de grytmannen. De gritenij Tytsjerksteradiel waard yn 1812 yn fjouwer lytsere 'communes' ferdield mei oan it haad in 'maire'. Under de 'mairie Burgum' foelen njonken Burgum sels ek de doarpen Hurdegaryp en Earnewâld. Dat hat mar eefkes sa duorre, want doe't de Frânsen wer fuort giene, waarden de communes ek wer ôfskaft.
Op 24 april 1850 waard yn Burgum in ôfskate gemeente stifte nei't de grifformearde dûmny Kooiker út Oentsjerk yn Burgum foar in mannichte in preek holden hie. Dêrmei kaam der in ein oan de tsjerklike ienheid fan it doarp. Fuort waard der yn Tuskendiken in lyts grifformeard tsjerkje boud, dat yn de jierren 1870 ferfongen waard troch in nije tsjerke yn Burgum. De doleânsje yn 1886 soarge foar in nije úttocht fan rjochtsinnigen út de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke. In diel fan de rjochtsinnich herfoarmen bleaune lykwols yn de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke en stiften de Feriening foar Evangelisaasje, dy't net fier fan de Krústsjerke harren kapel 'Uw Koninkrijk Kome' bouden.
Oarspronklik wie de buorskip Burgumer Daam it iennige part fan it doarp dat oan it wetter lei. Yn 1850 wie it noch sa dat de opfeart dy't fan dêr nei it noarden rûn de ferbining fan de buorren mei it wetter wie. Burgum en Burgumer Daam binne oan inoar groeid en it buorskip en de opfeart binne letter ferdwûn. Oant 1930 hearde ek de buorskip Noardburgum by it doarp, mar dat is dat jier in selsstannich doarp wurden.
Twadde Wrâldkriich thumb|260px|Kriichsgrêven alliearde bemanning fan de Whitley Z6881 RAF No. 78 Squadron De earste jierren fan de Dútske besetting ferrûnen yn Burgum relatyf rêstich. Yn 'e nacht fan 6 op 7 desimber 1941 stoarte tusken de Kleasterloan en de Lykwei in fleantúch fan de RAF del. De bemanning út Ingelân, Nij-Seelân en Austraalje kaam om en hja waarden op 9 septimber troch de Dútsers mei militêre eare begroeven op it hôf oan it noardlike kant fan de Krústsjerke. De befolking mocht der net by wêze, mar de oare deis leine grêven bedobbe ûnder in see fan blommen. Nei it begjin fan de joadeferfolging wurde ek yn Burgum joaden by minsken ûnderbrocht. In soad minsken wiene op de hichte mei dy ûnderdûkplakken, mar ferried kaam net foar. As der in joad op syn ûnderdûkplak komt te ferstjerren, wurdt de joad op ljochtskyndei oer de Noardersingel en de Skoalstrjitte nei it hôf brocht. Efter de baar rûnen de frou dy't him it ûnderdûkplak joech en dûmny Nawijn. As immen der al wat oer sizze woe krige dy it andert 'dat er him better de bek hâlde moast'.
Sûnt 1943 wie boargemaster Steenhuysen ferfongen troch de NSB-er Frijling. De NSB-boargemaster wie ien fan de redens dat it ferset Burgum útsocht om dêr in oerfal op it gemeentehûs út te fieren. Op 4 febrewaris 1944 waard yn gearwurking mei lokale bewenners op ljochtskyndei it gemeentehûs oerfallen. De oerfallers waarden lykwols ûntdutsen troch in meiwurker dy't te let op it wurk kaam en troch de ruten syn kollega's mei de hannen omheech seach. De meiwurker makke dat er nei de plysje kaam, dy't op de hoeke fan de Noardersingel/Hillemawei wenne. De frou fan de plysje die de doar iepen mar hold har ûnnoazel en fertelde dat har man der net wie en dat de tillefoan it net die om sa tiid te rekken. Yn alle konsternaasje moasten de oerfallers de sekken mei persoanskaarten stean litte, mar de oerfal soe dochs in súkses wêze: 18.000 segels, 584 blanko persoansbewizen en 500 gûne. De joadske hûshâldings fan Burgum, werfan't de manlju op it stjonkfabryk of op it postkantoar wurken, binne de oarloch goed trochkommen. Allinne de oprjochter fan de NTF, José Vigeveno, is yn kamp Westerbork troch in hertoanfal ferstoarn.
De klok út de Krústsjerke soe yn maart 1943 troch in bedriuw út it suden wei helle wurde. Dy soe klear lizze mar doe't de manlju mei immen fan it gemeentehûs kamen die bliken dat de klok in ein yn de grûn bedobbe wie. Dat hie Tjaarda dy't op de hoeke Skoalstrjitte/Kleasterloane wenne nachts mei twa ûnderdûkers dien. Hja wiene fan doel om de klok hielendal te bedobjen, mar stjitten op in grêf en sa bleau de klok foar in stik út de grûn stekken. De manlju fan it bedriuw diene it harren net oan tiid en graaf de klok sels wer út en seine dat de gemeente der fierder mar mei rêde moast. Hja hiene lykwols earder by it opheljen fan de gemeentemeiwurker op it gemeentehûs al in ûntfangstbewiis ôfjûn. De gemeente liet de klok wer opgrave, mar al gau waard de klok doe troch Burgumers temûk nei it koalehok sleept en dêr ûnder in dikke laach koalen ferstoppe. Doe't de Dútsers letter foar de klok kamen, waard harren foarliicht dat de klok al fuort. It ûntfangstbewiis op it gemeentehûs wie it bewiis.
Yn 'e simmer fan 1944 kaam in grutte groep Dútsers út Grins wei nei Burgum. De Kriegsmarine besette it doarp en de Burgumer Nijstêd krige in pantserôfdieling, dêr't de Feldgendarmerie al oanwêzich wie. Yn Glinstra State siet de Grüne Polizei. Gruttere gebouwen lykas skoallen waarden foardere en in soad minsken mei wat romte moasten Dútsers yn hûs nimme. Dochs waard der op 'e jierdei fan Wilhelmina in alternatyf keninginnefeest fierd tusken de baggerbulten oan it kanaal en yn de finsterbanken waarden massaal potten mei goudsjeblommen set. Om't Burgum fol mei Dútsers siet kin it hast net oars dat hja der wat fernommen ha, mar it hie fierder gjin gefolgen.
Op 14 april wiene de Kanadezen al by Drachten. De Dútsers fernielden mei eksposiven de draaibrêge oer it kanaal, mar der waard mei man en macht wurke oan in provisoaryske brêge, sadat de Kanadezen op snein 15 april om 10:00 Burgum offisjeel befrije koene. De skoallen tsjinnen foar it ynternearjen fan Dútsers en NSB-ers en oaren dy't foar Dútsers wurken. Ek de NSB-boargemaster Frijling waard fêstset. Dochs hie Burgum it minder treffe kind want Frijling hat nea immen ferret, ek al wist er wêr't ûnderdûkers sieten.Slein mar Oerien, E. Spyksma-Schotanus Nei de oarloch waard Steenhuizen wer boargemaster.
Doarpsútwreiding thumb|left|Sicht op de Wide Ie Lykas de measte wâlddoarpen is Burgum nei de oarloch troch nijbou bot feroare en folle grutter woarn. Sûnt de jierren 1950 waard Burgum ynearsten oan de westkant útwreide mei de strjitten dy't ferneamd binne nei de leden fan it keninklik hûs en oan de eastlike kant fan de Noardersingel mei strjitten dy't ferneamd waarden nei âld-ynwenners. Yn de jierren 1970 waard der fierder nei it easten boud oan de Kleasterloane ta. Dêrnei folge de oanlis fan Winterswyk en it plan Tuskendiken. Dêr't it eartiids in earmoedige boel wie, kamen no de grutste hûzen. Nei't de lêste grutskalige útwreiding westlik fan de sportfjilden plak fûn, waard it lestiger om nije útwreidingsplannen te ûntwikkeljen.
Nijbouplannen om yn De Warren by de Wide Ie te bouwen soargen foar protesten fan bewenners, boeren en miljeu-organisaasjes,De Bewonersraad mar it alternatyf om eastlik fan de Kleasterloane nij te bouwen ûnderfynt ek wjerstân ûnder de befolking.Ljouwerter Krante, 10 novimber 2020
Staten thumb|260px|It 19e-iuwske Glinstrastate