Jemen, sûnt 1990 de Republyk Jemen, is in lân yn Súdwest-Aazje. De haadstêd is Sana'a en de presidint fan de republyk is sûnt 1990 Ali Abdullah Saleh. It is in oaljeprodusearend lân en ûnderdiel fan de Arabyske Liga.

Geografy

Jemen wurdt begrinzge troch: Saûdy-Araabje yn it noarden; Oman yn it easten; de Arabyske See yn it súdeasten; de Golf fan Aden yn it suden; de Reade See yn it westen.

Jemen bestiet foar in part út woestynlânskip, geberchten en bylâns de kust ek út leechlân.

Skiednis Oant en mei it ein fan de Earste Wrâldkriich yn 1918 makke Noard-Jemen part út fan it Ottomaanske Ryk, dernei waard it noarden ûnôfhinklik, it suden wie sûnt 1839 in protektoraat gebiet (protektoraat Aden) fan de Britten. Yn 1967 gongen de Britten dêr fuort en waard it suden Súd-Jemen. Yn 1990 waarden Noard-Jemen en Súd-Jemen mei inoar feriene yn de Republyk Jemen.

Demografy De befolking fan Jemen bestiet benammen út Arabieren en hat it heechste bertesifer (3%) fan de wrâld. De wichtichste godstsjinst is de Islam en der wenje in lyts oantal Joaden, Kristenen en Hindoeïsten. De taal dy't sprutsen wurdt is Arabysk.

Wichtige stêden yn Jemen Sana Sa'dah As-Sjalif Al-Hoedajdah Ibb Ta'izz Mocha Aden Abyan Al Moekalla Say'oen Sayhoet Nisjtoen Al-Ghajdah Habaroet

left|thumb|200px|Kaart fan Jemen

Kategory:Lân yn it Midden-Easten Kategory:Lân yn Aazje Kategory:Histoaryske Britske koloanje Kategory:Histoaryske Osmaanske koloanje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1918 Kategory:Republyk