De Frije Wiken is in gearwurkingsferbân fan doarpen en harren bedriuwslibben yn de súdeasthoeke fan Fryslân. Doel is (toeristyske) promoasje fan it gebiet op grûn fan de doarpsfisy's. De Frije Wiken waard op 14 septimber 2011 oprjochte.

De namme De Frije Wiken hat te krijen mei it libben fan de feanarbeiders yn it ferliene en it ferskaat oan lânskippen dat dêrtroch ûntstien is. Ek wol it frije gefoel by de rekreant losmeitsje, yn de sin fan noflike eigenwizens en in beskate selsstannigens.

Doarpen dy meidogge binne: Mildaam Ketlik Bontebok De Knipe Aldhoarne Nijhoarne Jobbegea Hoarnstersweach Aldeberkeap De Gerdyk De Himrik Lippenhuzen Langsweagen Jonkerslân

Kuiernetwurk De Frije Wiken Yn de Frije Wiken binne de besteande kuierrûtes fan de 14 doarpen yn it gebiet oan elkoar keppele troch knooppunten, oanjûn troch blau-reade knooppunt boerdtsjes en stickers. De kuierder kin sels syn rûte ústippelje. Dit kuiernetwurk is troch Lânskipsbehear Fryslân en de stifting de Frije Wiken ûntwikkele.

In ‘Pypskoft’ is in plakje dêr't kuierders en fytsers efkes skoftsje kinne of nei it toilet kinne. Ek kin it in miny-ynformaasjepost wêze of in plak foar in kopke kofje of tee of om lokale agraryske produkten te keapjen.

Kategory:Rekreaasje yn Fryslân Kategory:Fryske organisaasje Kategory:Organisaasje oprjochte yn 2011