thumb|Yngong nei 't Stort mei in grien namboerdsje thumb|'t Stort en de Hoarnse Feart fan de Hellenstertille ôf 't Stort (Grinslannersk: Stört) is in streekje yn de gemeente It Hegelân (oant 1 jannewaris 2019 gemeente De Marne) yn de provinsje Grinslân. It leit flakby Liens op it punt dêr't it Warfhústerloopdjip gearkomt mei de Hoarnse Feart en gearrint ta it Hunzegoakanaal. Wat súdliker leit de buorskip Douwen en fierder nei it westen de buert Leenstertillen. Neist it buertsje leit oer de Hoarnse Feart de Hellenstertil, dy't lokaal Scheeftil neamd wurdt. Fan 't Stort út rint it Scheeftilsterpaad nei Liens.

Skiednis It Hunzegoakanaal waard groeven yn 1873. De útgroeven grûn waard op it neistlizzende stik lân 't Stort , dêrtroch krige it streekje syn namme. Op de grûn oan it kanaal waard in rychje arbeidershúskes setten. Yn 1928 kaam dêr noch in earmhûs by. De ynwenners fan Liens seagen wat del op de bewenners fan it buertsje.

Oare 'Storten' thumb|left|It sterk ferboude eardere earmhûs'' Ter Laan (1954) neamt earne oars yn Grinslân noch twa fan dizze plakkenGroninger Encyclopedie de stripe tusken de mûningen fan de Mûntsjesylsterryd (Lauwers) en it Ryddjip by Sâltkamp; in stik grûn mei huzen oan it djip ten suden fan UlrumDe Vries, W. (1946), "Stort". Yn: Groninger plaatsnamen. J.B. Wolters. side 225. (mooglik de huzen ten suden fan de Ulrumertille).

Kategory:Plak yn It Hegelân Kategory:Plak yn De Marne (Grinslân)