thumb|De Groningerland fan AG Ems thumb|De Wappen von Borkum
De AG Ems is in rederij út Emden. De rederij hat in feartsjinst tusken Boarkum en Iemshaven en tusken Boarkum en Emden. Yn de simmertiid is der ek in feartsjinst nei it Hilgelân ta.
Yn 1843 is de Aktien-Gesellschaft Ems oprjochte. By de oprjochting fan it bedriuw wie der noch gjin feartsjinst nei Boarkum ta. It bedriuw fear doe inkeld op de Iemsmûning tusken Emden - Delfsyl en Emden - Lier. Dêrneist wie der doe noch in ûnregelmjittige tsjinst nei Nordeneach ta.
Yn augustus 2008 hie de katamaran Polarstern fan de rederij in ûngemak op de weromreis fan 't Hilgelân. It wie it grutste ûngemak yn 'e skiednis fan it bedriuw.
Hjoeddeiske float NammeRûteBoujierYn tsjinst GroningerlandEH-Bo19912006 Wappen von Borkum, eardere- MS Stadt BorkumBo19761994 NordlichtEm-Bo19891989 MünsterlandEm-Bo19861986 OstfrieslandEm-Bo19851985 Helgoland, ex- MS WestfalenWH-He19721972 Ratsdelftfersk.1971 Schreyershoekfersk.1999
Keppeling om utens Offisjele hiemside fan de AG Ems Online de posysje fan skippen fan AG Ems folgje
Kategory:Boarkum Kategory:Emden Kategory:Dútske rederij Kategory:Eastfrysk bedriuw
Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1843