thumb|250px|Moas yn it fean. thumb|250px|Feanmoas (Sphagnum squarrosum). thumb|250px|Moas op in beam op La Gomera (Kanaryske Eilannen). thumb|250px|Moas op stiennen. Moas, moask of ek wol mosk is in losse term yn it deistich spraakgebrûk en in ynformele groep binnen it planteryk en it ûnderryk fan 'e lânplanten (Embryophyta) dy't de moassen of blêdmoassen (Bryophyta), de levermoassen (Marchantiophyta) en de haumoassen (Anthocerotophyta) omfiemet. Foarhinne hearden dy trije taksonomyske stammen ta ien en deselde groep (de Bryophyta) mar dat is langer sa net mear. Moas ûnderskiedt him fan alle oare lânplanten, de faskulêre planten (Tracheophyta), trochdat it gjin wier systeem fan fetten foar it transport fan wetter en fiedingsstoffen hat; sadwaande wurde de moassoarten mei-inoar ek wol "de non-faskulêre planten" neamd. Moas hat wol omsletten fuortplantingsstruktueren, mar produsearret blommen noch sieden. Ynstee plantet it him fuort troch de fersprieding fan spoaren, krekt sa't rintfearren (farens) en poddestuollen dat ek dogge. __NOTOC__ Galery Turfmoas of feanmoas

Oarsoartich moas

Sjoch ek Skalterfean

Keppeling om utens Waarnimmings fan moassen yn Nederlân

Kategory:Plant