Bob Spaak (eigentlik: Egbert SpaakBob (Egbert) Spaak wielersportboeken.nl, rieplachte 11 juny 2011.) (Amsterdam, 1917 – Nieuw-Loosdrecht, 11 juny 2011Sportsjoernalist Spaak ferstoarn, NOS Sport, 12 juny 2011) wie in eardere Nederlânsk sportsjoernalist en presintator.
Libben Yn syn jeugd wie Spaak in fertsjinstlik atleet: mei de ploech fan de Amsterdamske Atletyk Club (AAC) waard er twaris Nederlânsk kampioen op de 4 x 100 m estafette.
Hy begûn syn sjoernalistike karriêre yn 1945 by it deiblêd Het Vrije Volk, dêr't er oant 1955 wurke. Dêrnei stapte er oer nei de VARA-radio. Hy presintearre der ûnder oare de sportprogramma's Zondag Sportjournaal en Tussen Start en Finish. Ek siet er yn it panel fan it spultsje Het hangt aan de muur en het tikt en presintearre er it plateprogramma De Ontbijtclub.
Yn 1965 makke Spaak diel út fan de redaksje fan it nije blêd Voetbal International. In jier letter kaam er yn tsjinst by de NTS-telefyzje. Dêr waard er sjef fan Sport in Beeld, de foarrinder fan Studio Sport. Hy joech dêr lieding oan in lytse redaksje, dy't fierder bestie út Herman Kuiphof, Ad van Emmenes, Jan Leijendekker en Koen Verhoeff. Letter kamen Hugo Walker en Theo Reitsma der noch by.
Spaak wie sels ek te hearen as ferslachjouwer, by in soad ferskillende sporten. Ferneamd waard syn alterearre kommintaar yn 1965, doe't de Europa Cup-wedstriid Feyenoord - Real Madrid, nei in Spaanske sjarzje op Coen Moulijn, hielendal út de hân rûn: "Coen, Coen! Behéérs je alsjeblieft!... Jongens, jongens, dit kan toch niet. Dit kan toch niet! Wat een afschuwelijke vertoning."
Bob Spaak wie in ferslachjouwer mei in soad gefoel foar koartswyl en understatement. Sa omskreau er de Earste difyzje faak as it "min ofte mear betelle fuotbal." Ienris wie er ûnbedoeld komysk: yn 1966 waard by de útstjoering fan it riden yn Dimter foar it earst gebrûk makke fan werhellingen. Op de 10 kilometer foel Kees Verkerk en oardel minút letter waard dit fragmint werhelle, wêrnei't Spaak neat yn de gaten hawwend útrôp: "Keessie jongen, val je nu alweer?..."
Foar jonge ferslachjouwers wie Spaak in treflik learmaster. Benammen Mart Smeets hat faak heech fan syn âlde sjef opjûn. Yn 1982 gie er mei pensjoen. Hy wenne yn Loasdrecht.
Kategory:Nederlânsk sprinter Kategory:Nederlânsk sportsjoernalist Kategory:Nederlânsk sportferslachjouwer Kategory:VARA-wurknimmer Kategory:NOS-wurknimmer Kategory:Persoan berne yn 1917 Kategory:Persoan stoarn yn 2011