Robert Louis Stevenson (berne as: Robert Lewis Balfour Stevenson; Edinburgh, 13 novimber 1850 – Vailima (Samoä), 3 desimber 1894) wie in Skotsk skriuwer fan romans, koarte ferhalen, gedichten, essays, toanielstikken en reisferhalen. Syn bekendste wurken binne de aventoereromans Treasure Island en Kidnapped, en de novelle Strange Case of Dr Jekyll and Mr Hyde, in ier foarbyld fan it fantasysjenre en/of fan horror.

Stevenson hie it oan 'e luchtwegen, in krupsje dy't him frijwol syn hiele libben parten spile. Nettsjinsteande dat skreau er oan ien stik wei en reizge er ek in hiel protte yn in tiid dat soks djoer en gefaarlik wie. Syn frou Fanny Van de Grift Osbourne stipe him o sa yn syn aventoerlik, mar ek dreech en nuodlik libben. Yn 1890 sette Stevenson him nei wenjen yn Samoä, yn 'e Stille Súdsee, dêr't er syn lêste jierren trochbrocht. Hy wie ûntsteld troch de oanboazjende Jeropeeske en Amerikaanske ynfloed op 'e Polynezyske kultuer, en fan gefolgen ferskode syn wurk doe fan 'e Romantyk en aventoerefiksje nei in somberder reälisme. Hy ferstoar yn de âldens fan 44 jier oan in oerhaal yn syn wenplak Vailima.

Stevenson wie tige populêr yn syn tiid. Sûnt syn ferstjerren is it mei syn reputaasje as skriuwer op en del gien, mar tsjintwurdich wurdt er wer tige wurdearre. Yn 2018 wied er de op 25 nei meast oersette skriuwer yn 'e wrâld, folgjend op Charles Dickens, dy't it 25e plak ynnaam. Hy waard bewûndere troch tal fan oare auteurs, lykas J.M. Barrie, Bertolt Brecht, Jorge Luis Borges, sir Arthur Conan Doyle, Ernest Hemingway, Rudyard Kipling, Vladimir Nabokov en Marcel Proust.

Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Robert Louis Stevenson waard yn 'e hjerst fan 1850 berne yn 'e Skotske haadstêd Edinburgh, as de soan fan yngenieur Thomas Stevenson (1818-1887) en dy syn frou Margaret Isabella Balfour (1829-1897). Syn doopnamme wie Robert Lewis Balfour Stevenson, mar doe't er achttjin jier of dêrby om wie, feroare er de stavering 'Lewis' yn 'Louis', en yn 1873 liet er 'Balfour' út syn namme falle. Oan heitekant kaam er út in laach dat bestie út ûntwerpers fan fjoertuorren, in fjild wêryn't net inkeld syn heit aktyf wie, mar ek syn pake Robert Stevenson en syn omkes Alan en David (sjoch ek: David Alan Stevenson en Charles Alexander Stevenson). De famylje fan syn mem wie lânadel út 'e Clan Balfour, ôfstamjend fan in Alexander Balfour dy't yn 'e fyftjinde iuw it lângoed Inchrye yn 'e krite Fife yn besit hie. Syn pake Lewis Balfour wie predikant fan 'e Tsjerke fan Skotlân te Colinton, en syn omkes oan memmekant wiene de dokter George William Balfour en de maritym boukundige James Balfour.

As jonkje brocht Stevenson it meastepart fan syn fakânsjes troch útfanhûs by pake Lewis. Letter soed er dêroer skriuwe: "No freegje ik mysels gauris ôf wat ik fan dy âld predikant oerkrigen haw. Ik moat grif oannimme dat er graach preekje mocht, en dat mei ik ek, hoewol't ik nimmen ea bewearen heard haw dat ien fan ús beiden ek graach nei preken harkje mocht." Krekt as syn pake en syn mem hie Stevenson swakke luchtwegen, en hy rekke faak oanhelle mei hoastjen en koarts. Dat boaze oan doe't de húshâlding yn 1851 yn Edinburgh yn in kâld, fochtich hûs oan Inverleith Terrace kaam te wenjen. Hoewol't se nei in bettere wente oan Heriot Row ferhuzen doe't Stevenson seis jier wie, waard er oant syn alfde ta eltse winter ekstreem siik. Ek yn syn lettere libben wie sykte foar Stevenson in gauris weromkearende steat, en fan gefolgen wied er altyd tige meager. Doedestiden miende de medyske stân dat er tuberkuloaze hie, mar moderne ynsichten wize earder op bronchiëktaasjes of sarkoïdoaze.

De âlden fan Stevenson wiene allebeide fromme presbyterianen, mar de húshâlding libbe de kalvinistyske prinsipes net strikt nei. Syn minne, Alison Cunningham, wie folle stranger yn 'e leare, en har ferminging fan kalvinisme mei it byleauwe fan it sljochtwei folk wie in iere boarne fan nachtmerjes foar Stevenson. Nettsjinsteande dat fersoarge hja him altyd nei har bêste kinnen as er siik wie, en har foarlêzen út 'e Bibel en it wurk fan John Bunyan hie in grutte ynfloed op him, krektlyk as har ferhalen oer de skiednis fan Skotlân. Yn 1885 droech er de dichtbondel A Child's Garden of Verses oan har op.

Stevenson wie in iennichst bern. Hy seach der apart út en hold en droech him ek wat eksintryk, dat hy hie muoite om syn plak tusken de oare skoalbern te finen doe't er mei seis jier nei de legere skoalle stjoerd waard, in probleem dat him fannijs foardie doe't er mei 11 jier nei de Ediburgh Academy gie. Simmerdeis by pake yn Colinton koed er lykwols goed oer de wei mei syn neven en nichten. Mei't er foar syn alfde gauris foar langere tiid siik wie, krige er dan thús ûnderwiis fan priveelearaars om net efterop te reitsjen. Stevenson learde pas let, mei sân jier, om te lêzen en skriuwen, mar foartiid diktearre er al teltsjes dy't er optocht oan syn mem en oan frou Cunningham. Neitiid skreau er syn hiele jonkheid troch op suver twangmjittige wize ferhalen. Dêryn waard er oanfitere troch syn heit, dy't sels as bern ek skreaun hie oant sýn heit dy ferhalen fûn hie en him tabiet om "sokke flauwe kul op te jaan en [him] by syn saken te hâlden".

De Edinburgh Academy, dêr't Stevenson yn oktober 1861 hinne gie, wie in ûnôfhinklike jongesskoalle, dêr't er mei tuskenskoften fyftjin moannen learde. Yn 'e hjerst fan 1863 brocht er ien trimester troch op in kostskoalle yn it Ingelske Isleworth, yn Middlesex (no in diel fan westlik Londen). Yn oktober 1864 gied er nei in priveeskoalle yn Edinburgh dy't rund waard troch in Robert Thompson. Dêr bleau er oant er yn novimber 1867 as studint nei de Universiteit fan Edinburgh gie om, yn neifolging fan syn heit en syn heite famylje, foar yngenieur te learen. Fan it begjin ôf oan ûntbriek it him oan entûsjasme foar dy oplieding en stiek er in protte enerzjy yn it ûntrinnen fan syn kolleezjes. It wie yn dy snuorje dat Stevenson it leauwe ferlear en ateïst waard, alhoewol't syn kristlike opfieding altyd ynfloed op him hâlde soe.

Elts jier gie Stevenson yn 'e fakânsje mei syn heit op ynspeksjereis by de fjoertuorren lâns dy't de Stevensons ûntwurpen hiene: yn 1868 nei Anstruther en Wick, yn 1869 nei de Orkney-eilannen en nei Sjetlân, en yn 1870 nei it ôfhandige eilân Erraid, dêr't se trije wiken trochbrochten. Hy hie dêr in protte niget oan, mar net om't er belangstelling hie foar de tuorren. Ynstee gie it him om it materiaal dat de reizen him joegen om oer te skriuwen. Yn april 1871 brocht Stevenson einlings en te'n lêsten oan syn heit út dat der gjin yngenieur yn him siet en dat er skriuwer wurde woe. Hoewol't syn heit fansels teloarsteld wie, kin it nijs foar him net as ferrassing kommen wêze, en Stevenson syn mem skreau dat er "nuveraardich frede hie" mei de kar fan syn soan. Om te bewissigjen dat Stevenson wat hie om op werom te fallen, waard ôfpraat dat er nei de universiteit weromkeare soe om rjochten te studearjen, dat er abbekaat wurde koe. Dy ôfspraak hold er him oan en yn july 1865 studearre er ôf. Hy oefene lykwols it berop fan abbekaat nea út, mei't er him folslein op syn karriêre as skriuwer talei.

Yntree yn literêre fermiddens en iere reizen Op besite by in neef yn Ingelân yn 1873 mette Stevenson twa minsken dy't tige ynfloedryk yn syn libben wurde soene: Sidney Colvin en Fanny (Frances Jane) Sitwell. Dy lêste wie in skieden frou en in allinnichsteande mem fan 34 jier. Hja wie tsjep en garismatysk, en loek in protte oandacht fan manlju, ûnder wa ek Colvin, dy't úteinlik yn 1901 mei har trouwe soe. Stevenson, doe 23, fielde him ek ta har oanlutsen, en hy ûnderhold mei har jierrenlang in libbene briefkerij, wêryn't er wifke tusken de rol fan oanbidder en dy fan leafhawwende soan (hy spriek har oan mei "Madonna"). Colvin waard Stevenson syn literêr adviseur en bewurkmastere syn earste betelle publikaasje, it essay Roads yn it tydskrift The Portfolio. Nei Stevenson syn ûntidich ferstjerren waard Colvin ek de earste redakteur fan syn brieven.

Al rillegau wie Stevenson aktyf yn literêre fermiddens yn Londen, dêr't er befreone rekke mei bekende skriuwers út dy tiid, lykas Andrew Lang en Edmund Gosse, en teffens mei Leslie Stephen, de haadredakteur fan it blêd The Cornhill Magazine, dy't belangstelling krige foar it wurk fan 'e jonge auteur. Stephen naam Stevenson op sleeptou by in besyk oan in pasjint yn in sikehûs yn Edinburgh, dy't de dichter William Ernest Henley bliek te wêzen. Dyselde waard in goede freon fan Stevenson, mei wa't er út en troch ek literêr gearwurke, oant harren freonskip der yn 1888 ûnder strûpte troch rûzje. Henley, dy't in bûtengewoan garismatyske persoan wie en in houten poat hie, wie neffens Stevenson sels de ynspiraasje foar it ferneamde personaazje fan 'e seerôver Long John Silver yn Treasure Island.

Yn novimber 1873 waard Stevenson nei Menton, oan 'e Frânske Riviêra, ta stjoerd om op te betterjen nei't er wer yn 'e minnichte rekke wie. Yn april it jiers dêrop kearde er sûner werom nei Edinburgh om him wer oan syn stúdzje te setten, mar neitiid gied er noch ferskate kearen nei Frankryk. Hy besocht dêr faak de krite fan it Wâld fan Fontainebleau en ferbleau dan yn Barbizon, Grez-sur-Loing en Nemours, dêr't in protte keunstners taholden. Ek reizge er nei Parys om nei de museä en skouboargen te gean. Yn septimber 1876 gie Stevenson op in tocht mei kano's troch de wetterwegen fan Belgje en noardlik Frankryk, tegearre mei syn stúdzjefreon sir Walter Simpson. Dy reis, dy't de basis foarmje soe foar syn earste reisboek, An Inland Voyage (1878), brocht him yn Grez, dêr't er yn 'e kunde kaam mei Fanny Van de Grift Osbourne (1840-1914), mei wa't er tsien jier skeelde.

Houlik Fanny wie in Amerikaanse fan Nederlânsk etnysk komôf út in begoedige fermidden yn Indianapolis, dy't mei santjin jier troud wie mei in Samuel Osbourne. Nei't dyselde yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch tsjinne hie, wie hja nei it Territoarium Nevada ferfearn om har wer by him te jaan. Syn geduerige gefallen fan oerhoer hiene lykwols foar in brek yn it houlik en in skieding fan tafel en bêd soarge, wêrby't Fanny ôfset wie nei Frankryk mei har bern Isobel (1858-1953), Lloyd (1868-1947) en Hervey (1869-1875). Dêre studearren sy en har dochter keunstskiednis. Tsjin 'e tiid dat Stevenson har mette, wie Fanny sels al in skriuwster fan koarte ferhalen dy't in beskate erkenning genoat.

Koart nei harren earste moeting kearde Stevenson werom nei it Feriene Keninkryk, mar Fanny bleau blykber yn syn tinzen, mei't er yn The Cornhill Magazine it essay On Falling in Love ("Oangeande Fereale Reitsjen") publisearre. Yn 1877 troffen se inoar wer en waarden se minners. Stevenson brocht in grut diel fan it folgjende jier mei har en har bern troch yn Frankryk. Yn augustus 1878 kearde se werom nei de Feriene Steaten, dêr't se har yn San Francisco nei wenjen sette, wylst Stevenson op in kuiertocht gie troch de Sevennen (in diel fan it Sintraal Massyf), dy't de basis foarme foar syn Travels with a Donkey in the Cévennes (1879). Tsjin 'e goerie fan syn freonen yn en sûnder syn âldelju deroer yn te ljochtsjen, sette er har yn augustus 1879 efternei. Hy stiek de Atlantyske Oseaan oer as passazjier yn 'e twadde klasse op it steamskip de Devonia, foar in part om jild út te sparjen, mar ek om te ûnderfinen hoe't 'de gewoane man' reizge, wat er letter fêstlei yn it reisboek The Amateur Emigrant. Nei oankomst yn New York teach er oer lân nei Kalifornje. Dêr skreau er letter Across the Plains oer, mar de reis wie him te swier, dat syn sûnens stoarte yn.