Bernard Hendrik Slicher, bekend as Bernard Hendrik Slicher van Bath (Ljouwert, 12 febrewaris 1910 – Wageningen, 27 septimber 2004) wie in Nederlânse histoarikus, spesjalisearre yn agraryske skiednis. Syn fan wie offisjeel Slicher, mar doe't er titulêr hear fan it Siuwske Bath waard nei de dea fan syn pake, heakke er van Bath offisjeus oan syn namme ta.Artikel yn it Biografysk Wurdboek, prof. dr. P. Kooij

Bernard Slicher van Bath studearre oan de Ryksuniversiteit Grins en de Universiteit Utert en promovearre yn 1945 bij Jan Romein te Amsterdam op Mensch en Land in de Middeleeuwen. Bijdrage tot een geschiedenis der nederzettingen in Oostelijk Nederland. Hy wurke dêrnei yn it argyfwêzen, as heechlearaar yn Grins, by de Lânbouhegeskoalle Wageningen en, nei syn pinsjoenearring, oan de Ryksuniversiteit Leien (1976-1981) en oan de Katolike Universiteit Nimwegen. Slicher van Bath syn meast bekende wittenskiplik wurk is it gesachhawwende De agrarische geschiedenis van West-Europa 500-1850 uit 1960.

Yn 1974 krige Bernard Slicher van Bath de Priis foar Masterskip. Hy stoar mei 94 jier yn syn went te Wageningen.

Bibliografy thumb|175px|right|Strik en bef fan Slicher van Bath yn it Grinzer Universiteitsmuseum

: Mensch en land in de Middeleeuwen. Bijdrage tot een geschiedenis der nederzettingen in oostelijk Nederland. 2 Dielen. Assen, 1944. : Een samenleving onder spanning. Geschiedenis van het platteland in Overijssel. 1956 : De agrarische geschiedenis van West-Europa (500-1850). 6e printinge. Utert, 1987. (1e pr. 1960) ISBN 90-274-5319-5 (5e pr.), ISBN 90-274-1821-7 (6e dr.) : De bezinning op het verleden in Latijns-Amerika, 1493-1820. Auteurs, verhalen en lezers. 1988. ISBN 90-801871-8-6 : Leven met het verleden. Grins, 1998. ISBN 90-801871-9-4

Keppeling om utens Nominatie Grootste Wageninger: Slicher van Bath. Wb, Wykblêd foar Wageningen UR, 18 novimber 2004.

Kategory:Frysk skiedkundige Kategory:Frysk lânboukundige Kategory:Frysk heechlearaar Kategory:Frysk publisist Kategory:Nederlânsk skiedkundige Kategory:Nederlânsk lânboukundige Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Heechlearaar oan de Ryksuniversiteit Grins Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1910 Kategory:Persoan stoarn yn 2004