thumb|Henrik Altingtroch Steven fan Lamsweerde Henrik Alting of Johann Heinrich Alting (Emden, 1583 – 25 augustus 1644), wie in Dútsk dûmny. Syn heit Menso Alting (1541–1612) wie predikant yn Emden.
Libben en wurk Johann studearre mei súkses oan de Universiteit fan Grins en de Akademy Herborn. Yn 1608 waard er beneamd ta fâd fan de lettere karfoarst Frederik IV fan de Palts, yn Heidelberch, en yn 1612 beselskippe er him nei Ingelân. Sy gienen werom nei Heidelberch yn 1613, nei it houlik fan Freark mei prinsesse Elisabeth fan Ingelân. Dêrnei waard er beneamd as professor dogmatyk en yn 1616 as haad fan de teologyske fakulteit yn it Collegium Sapientiae.
Yn 1618 fertsjintwurdige er mei Abraham Skultetus syn universiteit op de Synoade fan Doardt. Doe't Greve Tilly de stêd Heidelberch ferovere (1622) en oan plondering oerjoech, koe Alting mei muoite oan de soldaten ûntkomme. Hy luts him werom yn Schorndorf, mar fielde him misledige troch de "semi-Pelagianisten" ûnder de Lutersken dêr't er mei yn de kunde kaam wie en sette ôf nei Hollân, dêr't er fâd fan de ferballe "Winterkening" Frederik syn âldste soan waard.
Yn 1627 waard Alting it heechlearaarskip teology oanbean by de Universiteit fan Grins, dêr't er mei trochgie oant syn dea. Hoewol't er in otterdokse Kalvinist wie, lei Alting net folle klam op de prinsipiële kant fan syn leauwe yn syn skeel mei Remonstranten yn Doardt, he neamde har allinne 'fernijers'.
Alting hat bot bydroegen oan de skiedskriuwing fan it Dútske Herfoarme Protestantisme mei syn Historia de Ecclesiis Palatinis. Net eltsenien is it lykwols iens mei syn ûnderstelling dat karfoarst Frederik III Zacharias Ursinus en Caspar Olevianus opdracht jûn hat om de Heidelberchske Kategismus te skriuwen. Nei 1960 is dat oertsjûgjend wjerlein troch de wittenskip, mar bliuwt it yn neislachwurken werom kommen. Fierders bliuwt Alting's wurk in ûnferfangbere boarne foar de skiedskriuwing fan de reformaasje fan de Palts (karfoarstedommen yn Dútslân).Walter Hollweg, “Bearbeitete Caspar Olevianus den deutschen Text zum Heidelberger Katechismus,” in Neue Untersuchungen zur Geschichte und Lehre des Heidelberger Katechismus (Neukirchen-Vluyn: Neukirchener Verlag, 1961), 1:124-52.Lyle Bierma, “The Purpose and Authorship of the Heidelberg Catechism,” in An Introduction to the Heidelberg Catechism: Sources, History, and Theology (Grand Rapids: Baker, 2005), 49-74.
Wurk Kar-út: Notae in Decadem Problematum Jacobi Behm (Heidelberch, 1618) Scripta Theologica Heidelbergensia (Amsterdam, 1662) Exegesis Augustanae Confessionis (Amsterdam, 1647). Historia de Ecclesiis Palatinis (Grins, 1728; út 1644).
Kategory:Eastfrysk predikant Kategory:Eastfrysk wittenskipper Kategory:Eastfrysk ûnderwizer Kategory:Dútsk predikant Kategory:Dútsk teolooch Kategory:Dútsk heechlearaar Kategory:Nederlânsk predikant Kategory:Nederlânsk teolooch Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Eastfrysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Eastfrysk komôf Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1553 Kategory:Persoan stoarn yn 1644