Roelof Bouwmeester (Warten, 31 jannewaris 1985) is in Frysk hurdsiler. Roelof Bouwmeester is de broer fan Marit Bouwmeester dy't lykas him op it heechste nivo sylt.
Bouwmeester syn karriêre begûn op tsienjierrige leeftyd yn in optimist. Yn 2000 wurdt er Sportman fan de gemeente Boarnsterhim. Yn 2011 is Bouwmeester talitten ta de kearnploech fan it hurdsilen. Bouwmeester is nominearre foar de Spullen fan 2012 yn Londen.
Prestaasjes 2011 1e Delta Lloyd Regatta Laser Radiaal
2010 1e Nederlânsk kampioenskip Laser 1e United 4 Sailing, Medemblik
2008 2e Nederlânsk kampioenskip Laser
2007 Nederlânsk kampioen Laser Radial
2005 3e Nederlânsk kampioenskip Laser
2003 3e Nederlânsk kampioenskip Laser
2002 3e Nederlânsk kampioenskip Laser 2e Laser European Radial Championships Breitenbrunn, Eastenryk
2001 2e Wrâldkampioenskip Splash Carnac, Frankryk
2000 3e Wrâldkampioenskip Splash Starum, Fryslân Nederlânsk kampioen Splash
Keppeling om utens webstee fan de Bouwmeesters
Kategory:Frysk siler Kategory:Persoan berne yn Warten Kategory:Persoan berne yn 1985