thumb|250px|Brêgen oer de Severn yn Shrewsbury Shrewsbury is de haadstêd fan it Ingelske greefskip Shropshire. De stêd leit strategysk yn in lus fan de rivier de Severn, tichteby de grins mei Wales, waard stifte yn de iere midsiuwen en hie sa'n 70.689 ynwenners (2008).
Troch syn strategysk belang is der yn de rin fan iuwen in soad skeel útfjochte yn en om de stêd, benammen tusken Wales en Ingelân.
Shrewsbury hat in protte histoaryske monuminten, ûnder oaren it kastiel en de Benediktinenabdij, dy't beide yn de 11e iuw boud binne. Yn de 14e en 15e iuw kaam de stêd ta grutte bloei troch it oanheljen fan de hannel yn wol, mei Ingelân, mar ek mei oare Europeeske lannen. Yn 1403 wie Slach by Shrewsbury ûnder de reek fan de stêd, tusken de Ingelske kening Hindrik IV en Henry Percy, mei de bynamme 'Hotspur'.
Sir Philip Sidney, Ingelsk steatsman en dichter waard grutbrocht yn Shrewsbury en rekke deadlik ferwûne yn 1586 yn de Slach by Warnsveld, in militêre konfrontaasje tusken Ingelske troepen en Spanjerts.
De boekerige fan de Britske skriuwster Ellis Peters oer de detective-mûonts Cadfael spilet him ôf yn Shrewsbury en omkriten. Shrewsbury hat sûnt 1977 in stêdebân mei Sutfen.
Untjouwing befolking Jier 1801 1811 1821 1831 1841 1851 1861 1871 1881 1891 1901 Befolking 31,280 34,158 38,263 40,480 41,858 43,818 46,261 48,704 51,146 50,678 52,181 Jier 1911 1921 1931 1941 1951 1961 1971 1981 1991 2001 Befolking 53,729 55,481 57,290 62,398 67,965 74,831 82,392 85,136 92,347 95,896Befolkingssifers foar Shrewsbury & Atcham borough. Source: A Vision of Britain through Time Berne yn Shrewsbury Joe Hart (19 april 1987), fuotballer Charles Darwin (12 febrewaris 1809), natuerûndersiker, biolooch en geolooch.
Kategory:Plak yn Shropshire Kategory:Plak yn Ingelân