Anthony Andrew Hoekema (Drachten, 1913 - 17 oktober 1988) wie in kristlik teolooch dy't 21 jier professer yn de Systematyske teology wie oan it Calvin Theological Seminary.
Biografy Hoekema emigrearre nei de Feriene Steaten yn 1923. Hy studearre op it Calvin Kolleezje (A.B.), de Universiteit fan Michigan (M.A.), it Calvin Theological Seminary (Th.B.) en it Princeton Theological Seminary (Th.D., 1953). Nei ferskate jierren grifformeard predikant west te hawwen (1944-56) waard er Associate Professor of Bible oan it Calvin-kolleezje (1956-58). Fan 1958 oant syn pinsjoen yn 1979, wie er heechlearaar Sysyematyske teology oan it Calvin Theological Seminary yn Grand Rapids, Michigan. Professer Hoekema bestege in sabbatical fan twa jier yn Cambridge, Ingelân (1965-66, 1973-74).Handbook of Evangelical theologians, Elwell, Walter A., sdn. 276–289; 1993, útj. Baker Books.
Publikaasjes It meast bekende wurk:
The Four Major Cults: Christian Science, Jehovah's Witnesses, Mormonism, Seventh-Day Adventism (1963, ISBN 0-8028-0445-4) What about Tongue-Speaking? (1966) Holy Spirit Baptism (1972) Amillennialism (1977) The Bible and the Future (1979) Created in God's Image (1986) Saved by Grace (1989)
Kategory:Frysk teolooch Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk heechlearaar Kategory:Amerikaansk teolooch Kategory:Amerikaansk publisist Kategory:Amerikaansk heechlearaar Kategory:Amerikaansk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Drachten Kategory:Persoan berne yn 1913 Kategory:Persoan stoarn yn 1988