Eursinge is in buorskip yn 'e provinsje Drinte yn 'e gemeente Midden-Drinte. De buorskip leit noardlik fan 'e provinsjale wei N374 tichteby de krusing mei de N381.

Eursinge leit súdlik fan it doarp Westerbork. Oant 1998 hearde de buorskip ta de gemeente mei deselde namme. Alhoewol't Eursinge in eigen postkoade hat, wurdt it net as in echt doarp sjoen.

De earste bekende fermelding fan it plak is yn 1408 as Ouersinghe en yn 1559 as Orssynghe. Yn 1840 hie it 63 ynwenners en yn 2023 wie dat 60. Om betizing te foarkommen mei oare plakken yn Drinte mei deselde namme, waard en wurdt it plak ek wolris Eursinge-Bork neamd.

Kategory:Plak yn Midden-Drinte