Drijber is de efternamme fan in Nederlânske famylje.
As stamheit jildt de 17e iuwske Jan van Drijberde, dy't neamd wurdt yn de hurdsteeregisters fan it Drintske Lhee. Nei alle gedachten lizze de woartels fan de famylje yn, of yn de omkriten fan, Drijber. Fan oarsprong wiene de Drijbers lânbouwers, fan de 19e iuw ôf wiene leden fan dy famylje ek aktyf yn de gemeentlike polityk.
Inkele famyljeleden Grietje Berends Drijber (1781-1826), frou fan Stephanus Jacobus van Royen Sikke Berends Drijber (1784-1862), adjunkt-direkteur fan de Maatskippij fan Woldiedichheid Lukas Drijber (1832-1875), boargemaster Sikko Berent Drijber O.O.N. (1849-1936), boargemaster fan ûnder oare Tytsjerksteradiel en East-Dongeradiel Sipko Drijber G.O.O., G.N.L. (1859-1942), militêr Koos Drijber O.O.N. (1862-1953), boargemaster Job Drijber O.O.N., R.N.L. (1924), boargemaster Evert Constantijn Drijber, letter Evert Hingst (1969-2005), jurist
Kategory:Nederlânsk laach