Lieving is in buorskip yn 'e gemeente Midden-Drinte yn 'e provinsje Drinte. De buorskip leit oan 'e súdkant fan Beilen.
Tusken 1851-1868 wie de stavering 'Lievinge'. Lieving is in lyts buorskip, dêr't de earste pleatsen stifte waarden troch minsken út Makkum wei. De útgong '-ing' wiist yn dit ferbân op 'lyts'. Nei alle gedachten is de namme ôflaat fan in famyljenamme; de earste bewoners hiene nammentlik de efternamme 'Levinge'. Nei alle gedachten bestie it oarspronklike Lieving út fiif hiemen.
Om 1830 hinne wennen der benammen keuterboerkes en arbeiders yn 'e buorskip. Oan it begjin fan 'e 19e iuw stiene der acht pleatsen. Yn 1840 telde Lieving 33 ynwenners. Dat oantal wie yn 1946 flink oprûn: mei 58 wenten en gemiddeld fiif persoanen de hûshâlding, kaam it ynwennertal doe op likernôch 290 ynwenners.
In wichtich momint wie de oanlis fan 'e ferhurde wei fan Beilen nei Westerbork yn 1865-1866. Tichteby de grins mei de gemeente Westerbork waard doe in tolhûs boud om de kosten fan 'e oanlis en it ûnderhâld te dekken. Dat bysûndere gebou stiet der noch jimmeroan.
Kategory:Plak yn Midden-Drinte