De Wilhelminatsjerke is de wichtichste protestantske tsjerke yn Bussum. De tsjerke stiet oan it Wilhelminaplantsoen en is in let wurk (1926) fan Tjeerd Kuipers.
Beskriuwing thumb|left|Ynterieur De fan oarsprong grifformearde tsjerke is in krústsjerke mei houten spitstonferwulften en in toer njonken de foargevel. De muorren en de swiere pylders fan 'e tsjerke binne foar in part fan bakstien boud en op plakken yn in sêfte giele kleur bepleistere.
Glês-yn-leadramen De brânskildere ramen binne makke troch Willem Mengelberg (1897-1967). Oan 'e eastlike kant wurdt yn it middelste raam raam in stjer útbylde, oan de noardlike kant it krús en oan 'e westlike kant it ljocht.
Jugendstil-ljochtkroan De Jugendstil-ljochtkroan mei 24 lampen is út de Fredestsjerke fan Bussum ôfkomstich.
Klok Op in hichte fan 30 meter hinget de goed 1400 kg. swiere klok. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de klok troch de Dútsers foardere. Nei de oarloch waard jild ynsammele en in nije klok mei it opskrift Door roof verloren, in vree herboren, nodigt tot Hem, mijn bronzen stem (AD 1949) getten.
Oargel thumb|left|Oargel Ynearsten hie de tsjerke in oargel fan Valckx & Van Kouteren út 1926. Dat oargel waard letter ferfongen troch ien fan de belangrykste oargels út it iere wurk fan 'e oargelbouwer D.A. Flentrop fan Saandam.
Oarspronklik waard it oargel yn 1948-1949 foar de yn 1996 sletten Fredetsjerke yn Bussum boud en yn 1998 waard it oerset nei de Wilhelminatsjerke.
Keppeling om utens Disposysje oargel
Kategory:Bouwurk yn Bussum Kategory:Tsjerkegebou yn Noard-Hollân Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân Kategory:Bouwurk út 1926