Tako Hajo Jelgersma (29 oktober 1702, Harns - 24 maart 1795, Haarlim), wie in 18e iuwsk Nederlânsk keunstskilder.
Biografy Neffens de RKD ferfear er earst yn 1757 nei Haarlim.Tako Hajo Jelgersma yn de RKD Hy wie learling fan Frans Decker en Wigerus Vitringa. Yn it earstoan skildere er skippen en seegesichten, letter skildere er lânskippen, portretten en kopiearre ek wol wurk fan âlde masters. Syn grisailles makke er yn de trant fan Jacob de Wit. Johan Bernard Brandhoff, Johannes Petrus fan Horstok, Cornelis fan Noarde, Martinus fan der Jagt en Johannes Swertner wienen syn learlingen.
Jelgersma stoar as frijfeint yn de âldens fan benei 93 jier.
Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Harns Kategory:Persoan berne yn 1702 Kategory:Persoan stoarn yn 1795