De Olympyske Winterspullen 1964, ek wol de IXe Olympiade neamd, waarden yn 1964 yn Innsbruck, Eastenryk hâlden. Dat wie fan 29 jannewaris oant en mei 9 febrewaris. Krekt foar de start fan de Spullen kamen by treningen op de Olympyske akkommodaasjes de Britske rodelaar Kazimierz Skyszpeski en de Australyske skyer Ross Milne om it libben."Twee doden bij de Winterspelen van 1964", Sportgeschiedenis.nl, 12 febrewaris 2010 De Spullen waarden bedrige troch in te min oan snie. It leger fan Eastenryk waard ynset om blokken iis en snie fan heger yn de bergen nei ûnderen te bringen om de skypistes en de bob- en rodelbaan yn oarder te krijen.
Akkommodaasjes thumb|right|260px|De sporter Sixten Jernberg op de Spullen AkkommodaasjeSport (en)Kapasiteit Axamer Lizum Alpineskyen (alles útsein de manlju) Net neamd. Bergiselschanze Skânsspringen (grutte delgong) Net neamd. Olympic Sliding Centre Innsbruck Bobslydzjen, Rodeljen Net neamd. Eisschnellaufbahn Reedriden Net neamd. Messehalle Iishockey 5,544 Olympiahalle Keunstriden, Iishockey 10.836 Patscherkofel Alpineskyen (foar manlju) Net neamd. Seefeld Biatlon, Skyrinnen, Noardske kombinaasje, Skânsspringen (gewoane delgong) Net neamd.
Sporten Op de Spullen fan 1964 stiene seis sporten op it programma en 34 ûnderdielen ferdield oer 10 dissiplines. It IIstoksjitten wie it demonstraasjesport op de Spullen.
Medaljes Medaljespegel 1 Sowjetuny 11 8 6 25 2 Eastenryk 4 5 3 12 3 Noarwegen 3 6 6 15 4 Finlân 3 4 3 10 5 Frankryk 3 4 0 7 6 It Dútske Ienheidsteam 3 3 3 9 7 Sweden 3 3 1 7 8 Feriene Steaten 1 2 3 6 9 Nederlân 1 1 0 2 10 Kanada 1 0 2 3
Fryske medalje Medalje Namme Sport Sjoukje DijkstraKeunstriden
Dielnimmende lannen Seisentritich lannen diene mei oan de Spullen. Trije lannen debutearren: Yndia, Mongoalje en Noard-Korea. East- en West-Dútslân diene as in feriene ploech mei.
Keppeling om utens De webstee fan NOC*NSF oer de Winterspullen fan 1964
1964 Kategory:Barren yn 1964 Kategory:Innsbruck Kategory:Skiednis fan Eastenryk Kategory:Sportevenemint yn Eastenryk