It Oekraynsk (украї́нська мо́ва, [ukrɑˈjı̽nʲsʲkɑ ˈmɔwɑ]), is in frij grutte taal yn Europa, dy't heart ta de East-Slavyske groep binnen de Slavyske talen.

Dizze taal wurdt net allinnich yn de Oekraïne sprutsen, mar ek yn Wyt-Ruslân, Moldaavje, Ruslân en in soad oare lannen. It wurdt krektas it Russysk en it Wyt-Russysk skreaun yn it Syrillysk alfabet, wêrby't it Oekraynsk inkele eigen letters brûkt.

Yn de Oekraïne wurde neist it Oekraynsk ek de talen Russysk, Krimtataarsk, Roemeensk, Hongaarsk, Bulgaarsk, Poalsk, Dútsk, Wyt-Russysk, Slowaaksk, Gryksk, Gagaûzysk en Romany sprutsen.

Yn de súdeastlike helte fan it lân oerhearsket it Russysk, yn de noardwestlike helte it Oekraynsk. Neffens de folkstelling fan 2001 soe 67,87% fan de boargers fan it lân it Oekraynsk as memmetaal sprekke en 29,74% it Russysk.

Yn it tsaristyske Ruslân wie it skriftlike brûken fan it Oekraynsk (dat doe offisjeel bekend stie as it "Lytsrussyske dialekt fan de Russyske taal") ferbean. Under it Sovjetbewâld krige de taal folle mear erkenning, mar bleau yn de praktyk dochs wol eftersteld by it Russysk. Nei de ûnôfhinklikheid fan de Oekraïne (1991) waard it Oekraysk as de ienige offisjele steatstaal erkend, wêrtroch't de posysje fan de taal sterk ferbettere is. Yn de praktyk hat it Russysk noch altiten in tige sterke posysje. Hast 90% fan de befolking fan de Oekraïne hat op syn minst in reedlike behearsking fan beide talen.

Transliteraasje De transliteraasje fan Oekraynske nammen nei it Frysk kin sa: Letter Transliteraasje А а a Б б b В в v Г г h Ґ ґ g Д д d Е е e Є є je Ж ж zj З з z И и y І і i Ї ї ji Й й j К к k Л л l М м m Н н n О о o П п p Р р r С с s Т т t У у û (foar in r better: oe) Ф ф f Х х ch Ц ц ts Ч ч tsj Ш ш sj Щ щ sjtsj Ь ь sjoch noat Ю ю jû (foar in r better: joe) Я я ja noat: Ь ь = it sêftteken, dat soarget foar palatalisaasje fan 'e foarôfgeande konsonant; meastal beskôge as in stomme letter, soms werjûn troch in 'j'

Kategory:Slavyske talen Kategory:Oekraïners Kategory:Taal yn de Oekraïne Kategory:Taal yn Abgaazje Kategory:Taal yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Taal yn Estlân Kategory:Taal yn Georgje Kategory:Taal yn Hongarije Kategory:Taal yn Kazachstan Kategory:Taal yn Kirgyzje Kategory:Taal yn Kroaasje Kategory:Taal yn Letlân Kategory:Taal yn Litouwen Kategory:Taal yn Moldaavje Kategory:Taal yn Oezbekistan Kategory:Taal yn Poalen Kategory:Taal yn Roemeenje Kategory:Taal yn Ruslân Kategory:Taal yn Servje Kategory:Taal yn Slowakije Kategory:Taal yn Tadzjikistan Kategory:Taal yn Turkmenistan Kategory:Taal yn Wyt-Ruslân