It Skotsk-Gaelysk (Skotsk-Gaelysk: Gàidhlig; Ingelsk: Scottish Gaelic) is in Keltyske taal dy't lânseigen is yn it Britske lânsdiel Skotlân. Nei iuwen fan tebekgong is it taalgebiet no beheind ta de noardwestlike Skotske Heechlannen en de Hebriden, yn it uterste noardwesten fan Skotlân. It Skotsk-Gaelysk hat gjin offisjele status, mar genietet sawol yn Skotlân as yn in diel fan Kanada (nammentlik Kaap Bretoneilân) erkenning as in minderheidstaal. Neffens gegevens út 2011 wie it Skotsk-Gaelysk doe de memmetaal foar 57.400 Skotten en 350 Kanadezen. It Skotsk-Gaelysk moat net betize wurde mei it Skotsk, dat in hiele oare, Germaanske taal is.
Etymology De namme fan Skotsk-Gaelysk ferwiist, krekt as de eigennamme fan 'e taal, Gàidhlig, nei de Gaelyske talen. "Gaelysk" sûnder de tafoeging "Skotsk" kin lykwols ek op it nau besibbe Iersk slaan, of op it Manksk, de taal fan it eilân Man. "Skotsk" sûnder de tafoeging "Gaelysk" ferwiist yn 'e regel nei de Germaanske taal dy't yn it Skotske leechlân sprutsen wurdt, of sels nei it Skotsk-Ingelsk, it dialekt fan it Ingelsk sa't dat yn Skotlân praat wurdt.
Taalbesibskip It Skotsk-Gaelysk is nau besibbe oan it Iersk, de oarspronklike taal fan Ierlân, en it Manksk, de taal fan it eilân Man, yn 'e Ierske See. Sawol it Skotsk-Gaelysk, it moderne Iersk as it Manksk hawwe har ûntjûn út it Midiersk, en stamje dus ôf fan it Aldiersk. Mei-inoar foarmje dizze trije talen de Gaelyske kloft fan 'e Keltyske talen. In minder nauwe sibskip hat it Skotsk-Gaelysk mei de oare trije noch libbene Keltyske talen, it Welsk, it Bretonsk en it Kornysk, dy't mei-inoar de Brytoanyske taalgroep foarmje. De Keltyske talen meitsje sels wer diel út fan 'e grutte Yndo-Jeropeeske supertaalfamylje, dêr't û.m. ek de Germaanske, Romaanske, Slavyske en Yndo-Iraanske talen ta hearre, en sa is it Skotsk-Gaelysk dus yn 'e fierte ek besibbe oan it Frysk.
Taalgebiet Hoewol't it taalgebiet fan it Skotsk-Gaelysk yn it ferline in grut diel fan Skotlân (sij it nea it hiele lân) omfieme hat, is de taal no weromkrongen nei de noardwestlike Heechlannen en de Hebriden, de eilannen foar de Skotske westkust. De measte sprekkers binne tsjintwurdich te finen op 'e Bûtenste Hebriden, de meast noardwestlikste eilannen. Wat fierder oft men nei it easten komt, wat minder oft der Skotsk-Gaelysk sprutsen wurdt.
Skiednis Tradisjoneel waard tocht dat it Skotsk-Gaelysk yn Skotlân brocht wie troch de Gaelen dy't yn 'e sechsde iuw massaal fan Ierlân nei Skotlân ferfearen, en dêr in stikmannich lytse keninkrykjes op 'e eilannen en skiereilannen fan westlik Skotlân fêstigen dy't úteinlik mei-inoar ferraanden ta it ryk Dalriada. Resint ûndersyk hat dizze sjenswize lykwols yn twifel lutsen, mei't der gjin archeologysk bewiismateriaal fûn is dy't op in Gaelyske ynfal of folksferhuzing wiist. Argeolooch Ewan Campbell hâldt it der sadwaande op dat mei skipfeart en ûnderlinge hannel in al langer besteande Gaelyske kultuer oan wjerssiden fan it Noarderkanaal ûnderstipe waard.
Oarspronklik moat der yn 'e Midsiuwen in dialektkontinuum west hawwe fan it Iersk fan noardlik Ierlân nei it Manksk en it Skotsk-Gaelysk, wêrby't it Manksk dan ek wer oansleat by it Skotsk-Gaelysk fan 'e Hebriden. Hoewol't de dialekten oan wjerskanten fan it Noarderkanaal, it smelste part fan 'e Ierske See, no útstoarn binne, toane gegevens fan 'e midden fan 'e tweintichste iuw oan dat dy dialekten doe noch suver naadleas yninoar oergiene. Pas nei de tolfde iuw ûntjoech it Skotsk-Gaelysk him ta in selsstannige taal dy't net mear ûnderling fersteanber wie mei it Iersk of it Manksk. Troch de politike uny tusken Dalriada en it keninkryk fan 'e Pikten, dy't yn 843 sletten waard, koe it Skotsk-Gaelysk him úteinlik ûntjaan ta de nasjonale taal fan Skotlân, wêrby't it it Piktysk yn it easten en noardeasten en it nau oan it Welsk besibbe Kumbrysk yn it súdwesten ferkrong.
Sels waard it Skotsk-Gaelysk fan 'e trettjinde iuw ôf stadichoan wer tebekkrongen troch it Skotsk, dat yn dy snuorje fanút syn kearnkrite yn it súdeasten fan it Keninkryk Skotlân syn taalgebiet begûn út te wreidzjen. Oant likernôch 1495 wie it yn Skotlân wenst om it Skotsk-Gaelysk Scottis ("Skotsk") te neamen, wylst it Skotsk fan Inglis of Ynglis ("Ingelsk") hiet. Mar omtrint dy tiid waarden de rollen omdraaid: it Skotsk kaam doe Scottis te hjitten, wylst it Skotsk-Gaelysk fan Erse ("Iersk") neamd waard. Dat jout moai it omslachpunt oan wêrby't it Skotsk de machtsstriid mei it Skotsk-Gaelysk yn syn foardiel wist te besljochtsjen: foartiid waard it Skotsk as in frjemde taal sjoen ("Ingelsk"); no begûn men it Skotsk-Gaelysk as in frjemde taal te sjen ("Iersk").
Dy beneaming kaam fuort út it gebrûk fan it saneamde Klassyk Gaelysk troch frijwol de hiele geletterde Skotsk-Gaelysktalige klasse. It Klassyk Gaelysk wie nammentlik in tige behâldende literêre taalfoarm, dy't ek yn Ierlân yn gebrûk wie. Der wie doedestiden dus amper ferskil tusken it skreaune Skotsk-Gaelysk en it skreaune Iersk. Pas doe't it Klassyk Gaelysk yn ûnbrûk rekke – en dat wie iroanysk genôch yn deselde tiid dat men dermei úteinsette om it Skotsk-Gaelysk foar "Iersk" te fersliten – begûn it skreaune Skotsk-Gaelysk eigen literêre foarmen te ûntwikkeljen.
Nei't it Skotsk-Gaelysk yn Skotlân as hoftaal ôfdien hie, waard it as bestjoerstaal noch lang yn eare holden yn 'e Hearlikheid fan de Eilannen, dy't de Hebriden omfieme. Boppedat wie it de tradisjonele taal fan 'e Heechlânske clans, dy't in rike bardyske tradysje hiene, sadat de Skotsk-Gaelyske literatuer lange tiid fral troch mûnlinge oerlevering bestie. De definitive nederlaach fan 'e clans yn 'e Jakobityske Opstân fan 1745 en de ferfolging dêr't hja neitiid ûnder te lijen hiene, foarme dan ek in grutte klap foar it Skotsk-Gaelysk. Yn 'e njoggentjinde iuw folge in nije klap troch de saneamde Heechlânske Frijmakkings (Highland Clearances), wêrby't tsientûzenen lytse pachtboeren ûnmeilydsum fan 'e grûn ferdreaun waarden dy't harren famyljes faak al iuwenlang bewenne en bewurke hiene, inkeld en allinnich sadat dy omset wurde koe yn winstjaander weidlân foar skiep. It grutste part fan 'e ûnteigene en fan har lân ferdreaune clanleden hie gjin oare kar as om te emigrearjen, om yn in nij lân op 'e nij te begjinnen.
In oare tsjinramp wie de Taalwet foar Skotlân, fan 1872, dy't it Skotsk-Gaelysk straal negearre, en derta late dat it generaasjes Skotsk-Gaelysktaligen ferbean waard om harren memmetaal op skoalle te praten. Dy ferfolging gie sa lang troch dat der yn 2015 noch lju yn libben wiene dy't har noch skoan tebinnenbringen koene hoe't se as bern in wan bruien fan master krigen hiene om't se wat yn it Skotsk-Gaelysk seine. Pas yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw begûn de hâlding foar minderheidstalen as it Skotsk-Gaelysk oer te feroarjen, mar tsjin dy tiid wie de taal al oan 'e râne fan 'e ôfgrûn brocht. De earste skoalle dêr't ientalich ûnderwiis yn it Skotsk-Gaelysk jûn waard, wie de Sgoil Ghàidhlig Ghlaschu ("Skotsk-Gaelyske Skoallen fan Glasgow"), dy't yn 2006 yn 'e Glasweechske wyk Woodside iepene waard.
Taalstatus It Skotsk-Gaelysk hat gjin offisjele status yn Skotlân, al waard ûnder de Wet op de Skotsk-Gaelyske Taal, fan 2005, in regulearjend orgaan foar it Skotsk-Gaelysk oprjochte, de Bòrd na Gàidhlig ("Skotsk-Gaelyske Taalried", ferlykber mei de Fryske Akademy foar it Frysk), mei as úteinlik doel om "derop ta te sjen dat it Skotsk-Gaelysk him ûntjout ta in offisjele taal fan Skotlân, dy't likefolle respekt kriget as it Ingelsk." Tsien jier letter is sa'n offisjele status lykwols noch altyd takomstmuzyk. It Skotsk-Gaelysk wurdt yn Skotlân al erkend as minderheidstaal, en is yn 1997 troch it Britske regear as sadanich opjûn ûnder Diel III fan it Jeropeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen. Yn Kanada hat it Skotsk-Gaelysk ek de status fan erkende minderheidstaal op Kaap Bretoneilân, dat ta de eastlike provinsje Nij-Skotlân heart.
Om't der gjin Skotsk-Gaelysksprekkers mear binne dy't it Ingelsk net machtich binne, hat it Britsk Heechgerjochtshôf yn 1982 de útspraak dien dat Skotsk-Gaelysktaligen yn Skotlân har eigen taal net yn 'e rjochtseal brûke meie. Under in regeling dy't yn 2009 sletten waard tusken de Skotske en Britske regearings en de Jeropeeske Uny, mei it Skotsk-Gaelysk sûnt formeel brûkt wurde yn kontakten tusken it Skotske regear en Jeropeeske ynstellings. Dêrmei is it Skotsk-Gaelysk lykwols gjin offisjele Jeropeeske taal wurden. Sûnt de 1990-er jierren is men yn 'e Heechlannen en op 'e Hebriden dwaande mei it stadichoan ferfangen fan ientalich Ingelske plaknammebuorden en oare beweiwizering troch twatalich Ingelsk/Skotsk-Gaelyske.
Tal sprekkers Yn Skotlân Neffens gegevens fan 'e Britske folkstelling fan 2011 wiene der doe rom 57.000 (om persiis te wêzen 57.375) memmetaalsprekkers fan it Skotsk-Gaelysk yn Skotlân. Dat kaam del op 1,1% fan 'e totale Skotske befolking. Nochris likernôch 30.000 oare lju sprieken it Skotsk-Gaelysk as twadde taal, wêrmei't it totale sprekkerstal yn Skotlân op justjes mear as 87.000 minsken útkaam (om persiis te wêzen: 87.056). Mei't dat oantal neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2001 noch op 93.282 lei, wie de taal yn tsien jier tiid 6.226 sprekkers efterútbuorke. Dy tebekgong is it gefolch fan it ôfstjerren fan 'e âldere generaasjes, dy't fierwei de measte Skotsk-Gaelysksprekkers omfiemje; it tal sprekkers fan ûnder de tweintich jier wie yn deselde perioade krekt tanommen.
De ierste sifers op dit mêd datearje út 1755, doe't der noch krapoan 290.000 Skotsk-Gaelysktaligen yn Skotlân wiene, dy't dêr 22,9% fan 'e befolking útmakken. Yn 1800 wiene der hast 298.000 sprekkers, mar tsjin dy tiid makken dy noch mar 18,5% fan 'e befolking út, mei't tsjin dy tiid de befolking al flugger groeide as it sprekkerstal fan it Skotsk-Gaelysk. Tsjin 1901 wie it sprekkerstal omleech gien oant omtrint 230.000, en yn 1951 wiene der noch mar goed 95.000 memmetaalsprekkers. Fral yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw rekke it mei it Skotsk-Gaelysk dus raar yn it neigean, wylst de twadde helte fan 'e iuw in stadige efterútgong sjen lit, nei 89.000 yn 1971 (wêrûnder trouwens noch 477 minsken dy't gjin wurd Ingelsk sprieken), fia 83.000 yn 1981 en 66.000 yn 1991 nei 59.000 yn 2001.
Fierwei de measte sprekkers binne te finen op 'e Bûtenste Hebriden (Skotsk-Gaelysk: Na h-Eileanan Siar), dêr't trochinoar noch 52,2% fan 'e befolking Skotsk-Gaelysk praat, en dêr't it noch in algemiene omgongstaal is. Yn kontrast dêrmei is it yn in grut part fan 'e Heechlannen no hast út 'e iepenbierheid ferballe nei ynhuzich gebrûk, mei't dêr op syn measten mar troch 15% oant 20% fan 'e minsken noch Skotsk-Gaelysk sprutsen wurdt. (Yn it distrikt Heechlannen leit it gemiddelde op 5,4% en yn it distrikt Argyll en Bute is dat 4,0%.) De Binnenste Hebriden hâlde yn dit ferbân de midden mei trochinoar 20% oant 40% Skotsk-Gaelysktaligen. De iennichste gemeente (parish) bûten de Bûtenste Hebriden mei mear as 40% Skotsk-Gaelysktaligen is Kilmuir, yn it noarden fan it eilân Skye, yn 'e Binnenste Hebriden, mei 46%.
Hoewol't it Skotsk-Gaelysk fral in plattelânstaal is, wurdt it yn 'e stêd Inverness noch troch 4,9% fan 'e ynwenners sprutsen. It grutste oanpart fan 'e befolking meitsje Skotsk-Gaelysksprekkers út yn 'e gemeente Barvas, op it eilân Lewis, dêr't likernôch 64,1% de taal noch praat. Op it Skotske fêstelân meitsje Skotsk-Gaelysktaligen it grutste diel fan 'e befolking út yn Ardnamurchan, mei 19,3%. Bûten it eigentlike Skotsk-Gaelyske taalgebiet wurdt de taal ek wol sprutsen yn 'e stêd Glasgow (Ghlaschu) en oare plakken yn it Skotske leechlân, mar dêrby giet it om Heechlânske ymport en har neiteam. Iroanysk genôch is Glasgow it plak dat it heechste absolute oantal Skotsk-Gaelysksprekkers hat fan hiel Skotlân, 5.878 minsken (oftewol 10% fan alle Skotsk-Gaelysksprekkers), mar dat komt inkeld om't it sa'n grutte stêd is, en relatyf sjoen wurdt dat oantal folslein wei yn in see fan oarstaligen.
Bûten Skotlân