Francien Huurman (Pijnacker, 18 april 1975) is in Nederlânske follybalster.

Francien Huurman hat in protte ûnderfining op it mêd fan follybal, yn 1997 spile hja har earste wedstriid foar Oranje. Francien Huurman spile koart dêrnei, op it wrâldkampioenskip fan 1998, fuort al har earste grutte toernoai, De ploech waard doe sânde fan de sechstjin dielnimmende lannen. Huurman hat dan ek in soad ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech, nammentlik 382 (15-11-2010). Hja hat ferskate súksessen helle, sa waard der yn 2007 op it grutte World Grand Prix ûnferwachts goud helle. Op it Europeesk kampioenskip 2009 yn Poalen waard der in sulveren medalje helle, Itaalje wie yn de finale mei 3-0 te sterk. Op it Wrâldkampioenskip yn 2010 waard de ploech alfde fan de 24 dielnimmende lannen.

Nei de sulveren medalje yn Poalen yn 2009 besleat Huurman om net mear foar in follybalklup te spiljen, hja woe har folslein rjochtsje op de Nederlânske ploech. Hja rjochtet har mei de ploech op de Olympyske Simmerspullen fan 2012 yn Londen. Huurman hat ûnder oare foar de folgjende klups spile: Hisamitsu Springs (Japan), Famila Imola, Figurella Firenze, Omnitel Modena (Itaalje), VC Nesselande, TVC Amstelveen en Network Pijnacker.

Clubs Club Lân earste seizoen lêste seizoen Volley ModenaItalië1998-19991998-1999 Figurella FirenzeItalië1999-20001999-2000 Team Volley ImolaItalië2000-20012001-2002 Hisamitsu SpringsJapan2002-20032002-2003 Pioneer Red WingsJapan2003-20042005-2006 TVC AmstelveenNederlân2006-20072008-2009 Hitachi Sawa RivaleJapan2011-20122011-2012

Sjoch ek List fan Nederlânske follyballers

Kategory:Nederlânsk follyballer Kategory:Persoan berne yn 1975