thumb|Carotta, Kees Sluys (VPRO)) en syn útjouwer Pierik (Aspekt) (rj) nei ôfrin fan de premjêre Gospel of Caesar, Utert 2007 thumb|begjin fan de lezing by Broese en Kemink yn Utert thumb|ôfrin lêzing yn Utert Francesco Carotta (Feneetsje, 1946) is in Italjaanske eardere IT-ûndernimmer Carotta founded the IT company Legenda Informationssysteme, which specialized on OCR and EDP for press archives and documentation centers. In Paris he worked for Cora, a company specializing on linguistic technology and artificial intelligence. Cf.citizendium.org, Arne Eickenberg. , publisist en yngenieur,Cf. Carotta's vita. en ek in ûnôfhinklik taalkundige en filosoof.Cf. 2007 ;Caesar: A Life in Western Culture |isbn=978-1-86207-662-4 |publisher=Granta, Londen side 254. Carotta is mei-oprjochter fan de Dútske krante die Tageszeitung."Cham"; Heide Platen, "Die Legende von der taz aus dem ID", die tageszeitung, 04-17-1984, side 5. As auteur is er bekend wurden mei syn kontroversjele teory dat de teksten oer Jezus fan Nazaret ôfkomstich binne út de boarnen oer Julius Caesar. Nei in stikmannich publikaasjes yn blêden en de kranten Stadtzeitung für Freiburg (april 1989) en die tageszeitung (Berlyn, 23-12-1991), publisearre Carotta syn fyzjes yn de boeken War Jesus Caesar? 2000 Jahre Anbetung einer Kopie (1999) en yn wittenskiplike tiidskriften sa as it Italjaanske Quaderni Di Storia, Il Cesare incognito - Da Divo Giulio a Gesù (2003).Francesco Carotta, "Il Cesare incognito — Da Divo Giulio a Gesù", yn: Luciano Canfora (ed.), Quaderni di Storia 57, Milan 2003. De teory waard ek oerset yn it Nederlânsk, Ingelsk en Spaansk.Was Jezus Caesar? Over de Romeinse oorsprong van het Christendom. Een onderzoek (2002); Jesus was Caesar. On the Julian Origin of Christianity (2005). Jan van Friesland (letter haadredakteur by Omrop Fryslân) makke in dokumintêre oer Carotta syn ûndersyk: It Evangeelje fan Caesar (2008).
Diegetyske transposysje Nei it fergelykjen fan de ferslaggen oer Julius Caesar (± 100 f.Kr. - 44 f.Kr.) en de Romeinske Boargerkriich fan de histoarisy Suetonius, Appianus, Kassius Dio en Plutarchus mei it Evangeelje fan Markus, kaam Carotta ta de konlúzje dat Markus syn ferhaal oer Jezus basearre wie op de Divus Iulius-kultus, de kultus fan de fergoade Julius Caesar. Carotta wol hawwe dat it Evangeelje fan Markus it ferhaal is fan de Romeinske boargeroarloch fan Caesar's oerstekken fan de Rubikon oant syn dea, begraffenis en de ein fan de republyk, yn in ferbastere foarm fannijs beskriuwt; Jezus syn libben en ferkundiging fan syn doop yn de Jordaan oant syn fêstnimming, krusiging en opstanning as parallel fan Ceasars lêste jierren. Carotta ferwiist nei de teolooch Ethelbert Stauffer dy't selde skaaimerken sjocht tussen beide lijensskiednissen fan Caesar en Kristus. http://en.wikipedia.org/wiki/Ethelbert_Stauffer Carotta brûkt foar de ferklearring fan it ûntstean fan it evangeelje in term fan Gérard Genette,Gérard Genette, Palimpsestes: La littérature au second degré, Paris 1982, diegetyske transposysje (it op’en nij ferheljen fan in ferhaal yn in oare romtlike en/of tiid kontekst); it nije ier-kristlike ferhaal oer Jezus mei tekstferoarings dat him yn in oar gebiet ôfspilet, soe ûntstien wêze troch in proses fan kopiëarflaters, ferkeard oersette wurden, foute útlis fan wurden en oanpassings en redaksje yn in oare kulturele kontekst om politike redenen. De úteinlike foarm fan de nije religy, dy’t de Juliaanske kultus fannijs útlizze moast mei as doel dat dy de Flaviaanske polityk, benammen foar Palestina, fertuten dwaan soe, waard ynfierd ûnder Fespasianus en de histoarikus Flavius Josephus, waans vita ek de basis foarme foar it libbensferhaal fan de apostel Paulus sa’t dat ferhelle wurdt yn Hannelingen fan de Apostels, haadstik 2. Neffens Carotta is Jezus dêrom de Divus Iulius fan de Flaviaanske dynasty (69 – 96). Benammen de Flaviaan keizer Konstantyn de Grutte, dy’t it Kristendom foar syn ryk omearme, soe him tige bewust west hawwe fan it strategysk potinsjeel fan de Julius-kultus yn de nije foarm. Carotta sjocht in kontinuïteit fan de Divus Julius kultus, wêrby't de Romeinske oarsprong ferklearjend is http://www.carotta.de/subseite/texte/articula/Escorial_en.pdf foar sawol de teksten fan it Nije Testamint as foar de tradysje http://www.carotta.de/subseite/events/lhc_nl.html, liturgy en ikonografy http://www.carotta.de/subseite/texte/articula/Orpheos_Bakkikos_en.pdf fan it lettere Kristendom.
Breder perspektyf Yn 2008 sette Carotta syn teory yn in breder perspektyf troch in relaasje te lizzen mei it saneamde amulet Orpheos Bakkikos, dat oant no ta fraachtekens oprôp wat echtens onbelanget. Yn in artikel foar de teologyske akademy fan it aartsdiocees fan Sevilla leinen taalkundige Carotta en histoarikus Arne Eickenberg nije arguminten op it kleed troch oan te toanen dat dit amulet te dwaan hat mei Caesar syn kremaasje. http://www.carotta.de/subseite/texte/articula/Orfeo_Baquico.pdf Eickenberg ferdjippe de teory fan Carotta troch oan te toanen dat der grutte oerienkomsten besteane tusken de frjemde natuerferskynsels by de krúsiging yn it ferhaal oer Jezus en de neisleep by de dea fan Caesar. http://divusjulius.wordpress.com/2010/04/01/darknesshour6 De Utertske oersetter en undersiker fan it wurk fan Carotta, Tommie Hendriks http://www.linkedin.com/pub/tommie-hendriks/a/134/7a0 , beskreau op grûn fan de boarnen de trije dagen fan rou en lulkens nei Caesar syn dea. http://tommiehendriks.wordpress.com/tag/rouw-en-razernij-om-caesar Earder seach de teolooch Ethelbert Stauffer in relaasje tusken de kristlike tradysje en de dea fan Caesar: 'It Romeinske folk ferhearlike de deade Caesar yn in unike passy-liturgy, dy't de âlde easterske kleilieten foar de dea fan 'e grutte goaden fan' e segen echoet, en in protte fan dy motiven litte in ferrassend ferbân sjen mei de Goedfreedliturgy fan 'e Roomske mis. 'Dy't ik rêden haw, hawwe my slein', songen se yn 'e namme fan 'e fermoarde. En Antonius ferklearre foar de timpel fan Fenus, dêr't it lichem fan de soan fan 'e goadinne yn lei: 'Wierlik kin de man net fan dizze wrâld wêze waans wurk wie om te rêden wêr't immen rêden wurde moast.' https://dejister.wordpress.com/about/ Ek de klassikus Juan Alberto Humanes sjocht oerienkomsten tussen de kremaasje fan Caesar en krusiging fan Kristus. De taalkundigen Subba Raju en Bh.V.N. Lakshmi konkludeare dat persoanen en plakken yn beide tekstgroepen deselde funksje hawwe. https://www.academia.edu/28010044/LITERATURE_TO_RELIGION_AND_RELIGION_TO_LITERATURE_CHANGING_COLOURS_OF_THE_BIBLE Neffens Carotta is de historyske persoan fan Fulvia verburgen efter Maria Magdalena. Fulvia, as frou fan Markus Antonius, hie in wichtige rol yn de dagen nei de dea fan Caesar, sa as Maria Magdalena yn it Kristusferhaal. Fulvia—the creator of the Good Friday liturgy? The second consequence is that with the determination of Caesar’s funeral day, the authorship of the Christian Good Friday liturgy is definite as well. In fact, during the 1950’s, the theologian Ethelbert Stauffer recognized Caesar’s funeral ritual as a unique passion liturgy, later found in the Roman Good Friday liturgy.12 As we have seen, the staging of Caesar’s funeral has to be attributed to Fulvia,13 then the wife of Antonius. Antonius held the eulogy, and Fulvia had Caesar’s bloodstained garments,14 and even his bloody, defiled corpse on display for the people, using an effigy fastened to a cross- shaped tropaeum raised above the bier.15 This incited the people to revolt and thus, we thank Fulvia for the original performance of Easter, as it is reflected in Christian Easter, i. e. the most important, and for a long time, only Christian celebration. https://carotta.de/subseite/texte/articula/Fulvia_en.pdf Njonken djipgeand taalkundig ûndersyk hat Carotta ek op it mêd fan archeology en numismatika de teorie fierder útwreide.https://carotta.de/subseite/texte/articula/Sulla_postura_del_Cesare_Tuscolo.pdfhttps://carotta.de/subseite/texte/articula/CesareTuscolo_CorriereDelTicino_nl.pdfhttps://carotta.de/subseite/texte/articula/Briefe_ErikaSimon.pdf
666: kaai ta ûntslúting fan de Iepenbiering fan Jehannes Carotta stelt dat de eardere ynterpretaasjes fan it getal 666, it teken fan it beest yn de Iepenbiering fan Jehannes dy't ferwize soenen nei lettere Romeinske keizers as Nero of Domitianus, achterhelle binne. Neffens him sit efter 666 Kleopatra, de keninginne fan it keninkryk Egypte. Trije sifers yn de boarnen ferwize alinnich nei har:
1. ΚΛΕΟΠΑΤΡΑ Θ(εα) = 616
2. ΚΛΕΟΠΑΤΡΑ Θ(εα) N(εωτερα) = 666
3. ΚΛΕΟΠΑΤΡΑ Θ(εα) N(εωτερα) = 665 https://carotta.de/subseite/texte/articula/Apokalypse_de.pdfhttps://studiewinkel.nl/product/9789464872408/666-Die-Offenbarung-des-Johannes-als-Verklarung-der-Taten-Octavians
De Apokalyps fan Jehannes is in diegetyske transposysje fan 'e dieden fan' e jonge en nije Caesar, Octavianus. It is syn iepenbiering, syn propaganda foar de slach by Filippi, syn syktocht nei de erkenning, de oarloch tsjin Kleopatra en Antonius en de oprjochting fan Nicopolis, 'it nije Jeruzalim'. Sjoch it fraachpetear mei Jan van Friesland (2026) https://dejister.wordpress.com/2026/01/12/666 De ferneamde ensyklopedie Treccani.it akseptearre de kombinaasje Kleopatra = 666 as in jildende ferklearring, krekt as Britannica.
Carotta heakket ek oan by Jean-François Champollion, de ûntsjifferer fan de hiëroglyfen. Hy sjocht yn de hiëroglyfen fan Cleopatra har kartouche in religieuze en dynastike boadskip: sy is de nije Isis, de mem dy’t oan ’e fergoade Caesar de godlike soan berne hat — krekt sa’t, yn ’e Romeinske symbolyk, Venus Genetrix de mem wie fan Aeneas en de foarâldlike line fan hearskers.
Reaksjes