Galway is in stêd oan 'e westkust fan Ierlân en haadstêd fan it greefskip (county) Galway. It is de tredde stêd neffens grutte en de fluchst groeiende stêd yn 'e Republyk Ierlân en de iennichste stêd yn 'e provinsje Connacht. Galway leit oan 'e westkust fan Ierlân, oan 'e rivier Corrib tusken Lough Corrib (mar) en de Baai fan Galway.

Galway en it Kroätyske Rijeka wiene yn 2020 Kulturele Haadstêd fan Jeropa.

Skiednis Op it plak fan in eardere delsetting waard Dún Gaillimhe ("Fort oan de Mûning fan de Gaillimh") boud en yn 1124 foltôge troch Tairrdelbach Ua Conchobair, de kening fan it omlizzende Connacht en teffens de Hege Kening fan hiel Ierlân. It kastiel tsjinne as basis foar syn float. By de Normandyske ynvaazje yn 'e jierren 1230 waard it ferovere troch de Normandyske oanfierder Richard de Burgh. Om't it neiteam fan dy ynfallers (bekend as de De Burghs) stadichoan oerhellen nei de Ierske kultuer ("fergaelisearren"), woenen de ynfloedrike hannelers fan 'e stêd – in groep út de boppelaach dy't bekend stie as de "Stammen fan Galway" – sels mear te sizzen ha.

Dat late der ta dat se de baas waarden oer de stêd en dat de Ingelske kroan har yn desimber 1484 de status fan stêd mei in eigen boargemaster joech. Galway, dat benammen út ynwenners fan Normandyske komôf bestie, hie in muoisume en sels fijannige relaasje mei de lânseigen Ierske stammen op it omlizzende plattelân. In warskôging boppe de westpoarte, dy't yn 1562 troch boargemaster Thomas Óge Martyn oanbrocht waard, warskôge foar de "Wrede O'Flahertys" (in machtige lokale Ierske famylje), en gewoane lânseigen Ieren mochten de stêd fan 'e stedsried allinne yn mei spesjale tastimming.

Yn 'e Midsiuwen waard de stêd bestjoerd troch in oligargy fan fjirtjin rike hannelersfamyljes. It wie in wichtige haven foar de hannel mei Spanje en Frankryk, dêr't de Spaanske Bôge noch oan tinkt. Yn 1477 besocht de ûntdekkingsreizger Kristoffel Kolumbus de stêd, nei alle gedachten doe't er ûnderweis wie nei Yslân en de Fêreu-eilannen. Sân jier letter skreau er yn 'e kantline fan syn eksimplaar fan Imago Mundi dat der minsken yn Galway oan lân kommen wiene, dy't fan bûtenlânske komôf wiene (mooglik Inuit). Mooglik wiene dy troch de Noard-Atlantyske stream op beamstammen út it westen wei dêrhinne dreaun. thumb|left|De ommuorre stêd yn 1651. Yn 'e 16e en 17e iuw bleau Galway meastentiids trou oan 'e Ingelske kroan, mar yn 1642 ferbûn de stêd him mei de Katolike Konfederaasje fan Kilkenny (in ferbûn fan Ierske katoliken yn 'e boargeroarloggen). By de dêropfolgjende ferovering fan Ierlân troch de Ingelske generaal Oliver Cromwell waard de stêd nei in belis fan njoggen moannen ynnommen. Ein 17e iuw stipe de stêd de katolike kening Jakobus II yn 'e striid tsjin it Ingelske bewâld, wêrnei't hja koart nei de Slach by Aughrim yn 1691 ferslein en ferovere waard. De machtige keapmanfamyljes waarden ta reapsein brocht en de stêd hie letter ek slim te lijen ûnder de Grutte Hongersneed fan 1845–1852.

Underwiis Sûnt 1845 hat de stêd in universiteit. De gebouwen fan NUI Galway binne konsintrearre oan 'e noardkant fan 'e stêd oan 'e Corrib. Fan 'e 17.000 studinten (2015) komme der sa'n 2.000 út it bûtenlân.

Ofbylden

Keppelings om utens Universiteit fan Galway Galway Arts Festival

Kategory:Plak yn Ierlân sk:Galway