Bauke van der Woude (26 april 1949, Dokkum - 9 juny 2023, Harns)Harlingenboeit.nl, 9 juny 2023 Overlijdensbericht Bauke van der Woude wie in sjonger en tekstskriuwer. Hy sjonge sûnt 1993 - yn it Frysk en yn it Stedsfrysk - lietsjes oer de leafde mar ek fan grappige foarfallen. Faak treedt Van der Woude tegearre op mei bassist Campbel Forbes. As John Eskes derby komt, hjit it trio Swart Wyt.
April 2023 waard bekend dat van der Woude ophâld mei it meitsjen fan muzyk om't er de diagnoaze demintens krigen hat.Omrop Fryslân, 6-4-2023, Sike Bauke van der Woude telt seinigingen: "Ik bin in ryk minske" Yn juny 2023 ferstoar hy yn Harns.
Diskografy CD's Beklonken leafde (Inner 9702, 1997) It slyt mar net (Inner 9906, 1999) CD's mei Campbel Forbes Skaadman (2005) Swart wyt (Marista MCD 7277, 2007) CD's mei oaren De Beste fan Omroep Fryslân, diel 3 (Marista MCD 5380, 1998) Mooie stad aan het wad, (Frigram FGCD 6859, 2002?) Fryslân muzyklân 5, (Marista MCD 7101, 200?)
Kategory:Frysk sjonger Kategory:Sjonger yn it Frysk Kategory:Frysk lietsjeskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Persoan berne yn Dokkum Kategory:Persoan berne yn 1950