thumb|It gebou fan de Wrâldbank yn Washington De Wrâldbank is it grutste ynstitút foar ûntwikkelingsgearwurking. It ferstrekt lieningen oan ûntwikkelingslannen en middenynkommenslannen, mei as foarnaamste doel it bestriden fan earmoede. De ynternasjonale bank is technysk in spesjalisearre organisaasje fan de Feriene Naasjes.
De finansjele stipe fan de Wrâldbank wurdt brûkt foar meardere saken, fan strukturele herfoarmingen fan de sûnens- en ûnderwiissektor fan in lân, oant miljeu- en ynfrastruktuerprojekten lykas damen, wegen en nasjonale parken. Dêrby stelt de Wrâldbank stringinte easken oan har kliïnten: saneamde strukturele oanpassingen wurde fereaske, wêrûnder antikorrupsjemaatregelen en fiergaande privatisearring fan oerheidstsjinsten.
Oersjoch fan presidinten fan de Wrâldbank thumb|De hjoeddeiske Presidint fan de Wrâldbank Robert Zoellick Namme Nasjonaliteit Termyn Eugene Meyer Amerikaan juny 1946 - desimber 1946 John McCloy Amerikaanmaart 1947 - juny 1949 Eugene Black Amerikaan 1949 - 1963 George D. Woods Amerikaanjannewaris 1963 - maart 1968 Robert McNamara Amerikaanapril 1968 - juny 1981 Alden W. Clausen Amerikaanjuly 1981 - juny 1986 Barber Conable Amerikaan july 1986 - augustus 1991 Lewis Preston Amerikaanseptimber 1986 - maaie 1995 James Wolfensohn Amerikaan 1 july 1995 - 31 maaie 2005 Paul Wolfowitz Amerikaan 1 juny 2005 - 30 juny 2007 Robert Zoellick Amerikaan sûnt 1 july 2007
Keppelings om utens Worldbank.org Worldbank Boycott Europe
Kategory:Ynternasjonale ekonomy Kategory:Ynternasjonale organisaasje Kategory:Feriene Naasjes Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1945