Æbe Haima (folút: Æbe Tjeerd Haima; Doanjum, 2 febrewaris 1927 - Weidum, 22 augustus 2002) wie in ferneamde Fryske keatser dy't twa kear de PC wûn hat. Hy hat jierrenlang húsdokter yn Weidum west, fan 1956 oant 1992.

Keatskarriêre Æbe Haima makke syn debút op it heechste nivo fan de KNKB yn 1945, doe't er noch mar 18 jier âld wie. Syn keatskarriêre soe mei ûnderbrekkingen fanwege stúdzje en syn wurk as húsdokter mar leafst oant 1973 ta duorje. Syn grutste suksessen helle hy lykwols oan it begjin fan syn karriêre: Sawol yn 1946 as yn 1947 wûn er tegearre mei keatsleginde Hotze Schuil de PC. Ek op oare klassikers op keatsgebiet stie er yn de krânse: De Rengersdei wûn er yn syn debútjier en hy waard dêr fuort ta kening útroppen. Dy selde eare kaam him yn 1951 op de Aldehoupartij ta.

Lêste sukses Syn lêste grutte sukses helle Haima yn 1962 doe't er tegearre mei Durk Talsma en Pier Koopmans foar Weidum de bûnspartij wûn.

Ivich klassemint Æbe Haima stie meiïnoar 57 kear yn de finale, wêrfan hy 26 wist te winnen. Mei noch 34 lytse preemjes komt syn totaal foar it ivich keatsklassemint út op 172 punten. By syn ferstjerren yn 2002 stie hy dêrmei op in 127ste plak.

Prizen 1945 - de Bond 4e priis 1945 - Jong Nederlân 3e priis 1945 - PC 2e priis 1946 - PC 1e priis 1947 - PC 1e priis 1948 - PC 2e priis 1951 - de Bond 2e priis 1952 - PC 4e priis 1954 - PC 4e priis 1956 - de Bond 6e priis 1960 - de Bond 7e priis 1961 - de Bond 7e priis 1962 - de Bond 1e priis 1962 - PC 2e priis 1965 - de Bond 5e priis 1971 - de Bond 7e priis 1972 - de Bond 3e priis 1973 - de Bond 5e priis

Kategory:Frysk keatser Kategory:Frysk dokter Kategory:Persoan berne yn Doanjum Kategory:Persoan stoarn yn Weidum Kategory:Persoan berne yn 1927 Kategory:Persoan stoarn yn 2002