Dirk-Jan van der Woud (Ljouwert, 10 febrewaris 1971) is in âld keatser dy't fan 1991 oant 2005 op it heechste nivo by de KNKB aktyf wie.
Klasikers Op de Rengersdei nei hat Van der Woud alle klassikers wûn. It hichtepunt yn syn keatskarriêre wie de ferassende winst op de PC, de 10e foar Van der Woud, yn 2000, mei as maten Klaas Berkepas en Klaas Anne Terpstra. Yn de finale waard nei in 5-1 foarstân, mei 5-4 (6-6) wûn fan it sterker achte partoer fan Pieter van Tuinen, Chris Wassenaar en André Kuipers.
Ivich klassemint Van der Woud spile meiïnoar mear as 600 partijen, wêrby hy 127 kear foar de tinte stie. Foar it ivich keatsklassemint sloech er sa 325 punten by inoar. Doe't er op 18 septimber 2005 op de Aldehoupartij ôfskied naam, stie de Goutumer yn dat klassemint op it 58ste plak.
Prizen 1992 - de Bond 10e priis 2000 - PC 1e priis 2001 - PC 3e priis 2003 - PC 2e priis 2004 - de Bond 6e priis 2005 - de Bond 6e priis 2005 - PC 3e priis 2008 - de Bond 3e priis 2009 - de Bond 1e priis 2010 - de Bond 1e priis 2013 - de Bond 1e priis
Kategory:Frysk keatser Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1971