thumb|right|Simon Wiesenthal, 1982
Simon Wiesenthal (Bûtsjatsj - Eastenryk-Hongarije, notiids de Oekraïne, 31 desimber 1908 - Wenen, 20 septimber 2005) wie in joadsk arsjitekt. Bekend is er wurden as 'Nazy-jager'. Nei de Twadde Wrâldkriich brocht Wiesenthal sa'n 1.100 kriichskriminelen foar it gerjocht.
Twadde Wrâldkriich Foar de Twadde Wrâldkriich wie Wiesenthal arsjitekt fan berop. Hy boaske yn 1936 Cyla Müller. Doe't de Dútsers harren wenplak Lwów ynnamen, seach Wiesenthal dat syn mem troch de Nazy's meinaam waard om eksekutearre te wurden. De famyljes Wiesenthal en Müller rekken by elkoar 89 leden kwyt troch tadwaan fan de Nazy's. Wiesenthal sels oerlibbe fjouwer jier yn ferskate konsintraasjekampen. Ek syn frou oerlibbe de kriich trochdat se har mei falske papieren as Poalske foardien hie.
Nazy-jacht Nei de kriich wie Wiesenthal drok mei it opspoaren en foar it gerjocht bringen fan kriichskriminelen. Al mienden guon kritisy dat Wiesenthal tefolle eare nei himsels taluts, hy hat al in rol spile yn de opspoaring fan Adolf Eichmann. Hermine Ryan-Braunsteiner, de frou dy't tafersjoch hâlde op it fermoardzjen fan hûnderten bern, waard yn 1973 troch de Feriene Steaten útlevere en berjochte.
Wiesenthal syn grutste fangst wie lykwols Franz Stangl, dy't belutsen wie by it ombringen fan 800.000 Joaden yn konsintraasjekamp Treblinka. Josef Mengele hat Wiesenthal ta syn spyt nea te pakken krije kind; 'Artzt Mengele' ferstoar yn 1978 yn Brazylje. thumb|279px|It haadkantoar fan it Simon Wiesenthal Sintrum yn Los Angeles
Simon Wiesenthal Sintrum Yn 1961 waard yn Wenen it Joadsk Dokumintaasje Sintrum oprjochte, better bekend as it Simon Wiesenthal Sintrum. Dizze joadske minskerjochten-organisaasje wol de holocaust as libben oantinken hâlde.
Earbewizen Foar syn wurk krige Wiesenthal û.o. de Nederlânske Erasmuspriis, de Amerikaanske Presidential Medal of Freedom en it Frânske Chevalier de la Légion d'Honneur útrikt.
Kategory:Poalsk polityk aktivist Kategory:Poalsk autobiograaf Kategory:Poalsk polityk skriuwer Kategory:Poalsk arsjitekt Kategory:Eastenryksk polityk aktivist Kategory:Eastenryksk autobiograaf Kategory:Eastenryksk polityk skriuwer Kategory:Eastenryksk arsjitekt Kategory:Holokaustoerlibbene Kategory:Oerlibbene fan Janowska Kategory:Oerlibbene fan Płaszów Kategory:Oerlibbene fan Groß-Rosen Kategory:Oerlibbene fan Buchenwald Kategory:Oerlibbene fan Mauthausen Kategory:Nazy-jager Kategory:Winner fan de Presidinsjele Frijheidsmedalje Kategory:Poalsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Poalsk persoan fan Oekraynsk-Joadsk komôf Kategory:Eastenryksk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Eastenryksk persoan fan Poalsk-Joadsk komôf Kategory:Eastenryksk persoan fan Oekraynsk-Joadsk komôf Kategory:Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Persoan berne yn 1908 Kategory:Persoan stoarn yn 2005