thumb|270px|Helgolanner kliffen en de 61,3 meter hege Pinneberch. Helgolân (ek: Hilgelân, Noardfrysk: Deät Lun (It Lân), Dútsk: Helgoland, Ingelsk: Heligoland) is in eilân yn de Noardsee. Helgolân leit yn de Helgolânske Bocht, dat ûnderdiel is fan de Dútske Bocht, en leit sa'n 69 kilometer noardlik fan Cuxhaven. It eilân falt ûnder de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. Neist Helgolân leit it eilantsje Düne. Tegearre foarmje dy twa eilannen de eilannegroep Helgolân. Helgolân is gjin ûnderdiel fan it Dûanegebiet fan de Europeeske Uny, dat de winkels kinne harren produkten belestingfrij ferkeapje.Webside fan it Eastenrykske Bundesministerium Finanzen: Zollgebiet der EU
It fan oarsprong Fryske eilân waard yn augustus 1714 ûnderdiel fan Denemarken, en op 11 septimber 1807 as gefolch fan de Napoleontyske Oarloggen ûnderdiel fan it Feriene Keninkryk. Op 1 july 1890 droech it Feriene Keninkryk Helgolân middels ferdrach oer oan it Dútske Ryk. Hjoed-de-dei prate de bewenners fan it eilân Noardfrysk, Dútsk of Nederdútsk. De Noardfryske fariant Helgolânsk of Halûndersk, wurdt yn it eilândialekt Halunder neamd.
Byldbepalend foar Helgolân binne de 50 meter reade kliffen en de frijsteande rots 'Lange Anna'. Neist it belestingfrij winkeljen stiet it eilân, en foaral it lytsere eilantsje Düne, bekend om de seehûnen en seerobben dy't op de strannen tahâlde.
Namme Foar de 19e iuw wienen der ferskate nammen foar it eilân yn gebrûk. Dy nammen binne op âlde kaarten oerlevere. Foarbylden binne 'Heelge Landt', 'Heiligland' en 'Hilliglandt'. Yn it Standertfrysk wurdt gauris de namme Hilgelân brûkt. 'Hilgelân' soe stean kinne foar hillich lân. In oare Standertfryske fariant, in streekrjochte oersetting fan it Dútske 'Helgoland', is Helgolân.
Yn it Halûndersk hjit it eilân Deät Lun (it lân).
It eilân wie yn de tiid fan de misjonarissen Willibrord (om 700) en Liudger (om 785) bekend as Forsitelân of Fostelân. Forsite wie in Fryske heidenske God en soe mei it eilân ferbûn west hawwe.Alcuin, Vita Sancti Willibrordi, sa likernôch om 796, haadstik 9 o/m 12 (digitaal yn it Ingelsk)Altfridus, Vita sancti Liudgerii, sa likernôch om 840, haadstik 19
Geografy thumb|100px|left|Lokaasje fan Helgolân thumb|right|Reade kliffen fan Helgolân Helgolân leit yn de Helgolânske Bocht, dat ûnderdiel is fan de Dútske Bocht, en leit sa'n 69 kilometer noardlik fan Cuxhaven. Bestjoerlik is it eilân ûnderdiel fan de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein en it distrikt (Landkreis) Pinneberch. It haadeilân is 1 km² grut en der wenje 1.246 minsken (2017).Statisk Amt Nord (sjoen op 10 desimber 2018) It eilân is bekend om syn steile reade rotsen. De Lange Anna is in frijsteande rots oan de noardkant en is in symboal fan Hilgelân.
It oerflak fan de folsleine gemeente Helgolân is 4,2 km². Dêrby hearre dielen fan de see en it havengebiet.
Sûnt de stoarm fan 1720/21Helgoland-1711/21 is Hilgelân fan Düne skieden.
Op it eilân wurdt in ûnderskied makke tusken boppelân, ûnderlân en middelân. It ûnderlân rint fan it súdwesten nei it noardeasten om de sa likernôch 50 meter hege reade rotsen hinne. Oan de noardeastkant fan it eilân is in lyts strân, mar troch de sterke streaming net gaadlik om dêr te swimmen. De havens fan Helgolân lizze oan de súdein fan it ûnderlân. Mei it opblazen fan de bunkers en de bombardeminten dy't dêrop folgen, is it middelân ûntstien. It súdeastlike diel fan it boppelân is mei huzen beboud. Op it boppelân is ek it heechste punt fan Helgolân, de saneamnde Pinneberch mei in hichte fan 61,3 meter.20 Jahre Helgoländer Gipfelkreuz – Quelle: https://www.shz.de/20906437 ©2018
Skiednis Prehistoarje thumb|Stienkiste fan Helgolân Helgolân waard al yn de prehistoarje troch minsken besocht en bewenne. De argeologyske fynsten wize op kontakten mei de kustgebieten fan de Noardsee. Yn de brûnstiid bestiene der kontakten oer de Noardsee tusken ferskillende kustgebieten. Op Helgolân binne ûnder oare metalen foarwerpen en grûnstoffen fûn dy't wize op fiergeande hannelskontakten. Benammen it foarkommen fan koper en oare metalen hat yn de argeologyske literatuer laat ta de ferûnderstelling dat Helgolân diel útmakke fan in grutter netwurk fan hannel en grûnstofútwikseling. Yn de 19e iuw binne trije grêfheuvels en in stienkiste op it eilân fûn, de stienkiste komt út de 16e iuw f.Kr.Claus Ahrens: Helgoland in vorgeschichtlicher Zeit. In: H.P. Rickmers (redaksje): Helgoland – Naturdenkmal der Nordsee. Hamboarch 1980/1987.
Iere midsiuwen Helgolân waard yn de iere midsiuwen bewenne troch Friezen en makke diel út fan de Noardseekultuer dêr't ûnder oaren Friezen en Denen mei-inoar yn kontakt stiene. Neffens de tradisjonele skiedskriuwing waard it eilân yn de 7e iuw troch Friezen bewenne.
De wichtichste midsiuwske boarne oer de religieuze betsjutting fan Helgolân is de Vita Sancti Willibrordi, it libben fan de kristlike misjonaris Willibrord, skreaun troch Alcuin oan it ein fan de 8e iuw. Neffens Alcuin reizge Willibrord nei in eilân dat Fositeslân neamd waard. Op dat eilân wie in hillich plak wijd oan de god Fosite. Alcuin neamt dêrby in hillige boarne en hillige bisten. It wie ferbean om de hillige bisten te deadzjen of it wetter fan de boarne op in gewoane wize te brûken.Alcuin. (± 796). Vita Sancti Willibrordi. Yn: W. Levison (Red.), Vitae Sancti Willibrordi episcopi Traiectensis. De identifikaasje fan Fositesland mei Helgolân is in tradisjonele ynterpretaasje yn de histoaryske literatuer. De namme wurdt dêrby ferbûn mei Fosite, dy't as in lokale godheid beskôge wurdt.Alcuin. (± 796). Vita Sancti Willibrordi. Yn: W. Levison (Red.), Vitae Sancti Willibrordi episcopi Traiectensis; Wood, I. (2001). The Missionary Life: Saints and the Evangelisation of Europe, 400–1050. Pearson Education.
Om it jier 700 hinne wurdt ek de Fryske kening Redbad mei Helgolân ferbûn. Neffens de tradysje soe Redbad dêr in skoft taholden hawwe. De beskikbere boarnen binne lykwols net genôch om de doer of de krekte omstannichheden fan sa'n ferbliuw mei wissichheid fêst te stellen.Helgoland Tourismus-Service. (s.d.). Geschichtsweg. Helgoland.de. https://www.helgoland.de/service/themenwege-um-die-insel/geschichtsweg/
Willibrord besocht yn de perioade fan sa likernôch 690 ôf de Friezen ta it kristendom te bekearjen. Syn missy wie ûnderdiel fan de kristlike útwreiding fan it Frankyske Ryk nei de Fryske gebieten. De kerstening hie net fuortendaliks in duorsum resultaat en waard beynfloede troch de politike striid tusken de Fryske machthawwers en de Frankyske keningen.Wood, I. (2001). The Missionary Life: Saints and the Evangelisation of Europe, 400–1050. Pearson Education.
Yn de 8e iuw waard de kristlike missy yn it Fryske gebiet fuortset troch ûnder oaren Liudger. Neffens de kristlike boarnen soe it Liudger slagge wêze om de befolking fan Helgolân te kerstenjen. De offisjele skiednis fan Helgolân pleatst dy kerstening likernôch in iuw nei de missy fan Willibrord.Helgoland Tourismus-Service. (s.d.). Geschichtsweg. Helgoland.de. https://www.helgoland.de/service/themenwege-um-die-insel/geschichtsweg/
Lette midsiuwen: Likedielers en hannel Lykas de rest fan Noardfryslân stie Helgolân yn de 12e en 13e iuw ûnder de Deenske kroan. Fan de 14e iuw ôf waard it eilân as Deensk beskôge en foel it binnen de Deenske machtsfear. Oan de ein fan de 14e iuw wie de yn Deenske tsjinst steande amtnamtner en kaapfarrende kaptein Waldemar Zappy op Helgolân aktyf. Hy hie dêr in bestjoerlike en militêre funksje en spile in rol yn de Deenske belangen op it eilân.Panten, A. (2002). Helgoland im Mittelalter, side 11. Helgolân.
Hoewol't Klaus Störtebeker yn 1401 by Helgolân finzen nommen wêze soe, is der gjin betroubere boarne dy't bewiist dat er op it eilân sels ferbleau of dat Helgolân syn fêste thúshaven wie. De ferbining tusken Störtebeker en Helgolân ûntstie pas letter en waard benammen troch de literatuer oer it eilân en it toerisme fersterke. Yn de 19e en 20e iuw waard Helgolân sa hieltyd faker as in eardere basis fan seerôvers beskreaun. De beneaming seerôversnêst is lykwols histoarysk net te ûnderbouwen en waard foaral brûkt as in populêre beskriuwing fan it eilân.Lüth, E. (1972). Helgoland – Stützpunkt oder Zuflucht der Seeräuber? Jahrbuch für den Kreis Pinneberg, siden 84–91. De ferbining mei Störtebeker hat wol in histoaryske kearn yn de seeslach fan 1401. Störtebeker en syn maten waarden yn dat jier yn de wetters by Helgolân troch in float út Hamboarch ferslein en finzen nommen. Dat betsjut lykwols net dat it eilân as thúshaven fan de Likedielers beskôge wurde kin. De beskikbere boarnen jouwe dêr gjin bewiis foar.Panten, A. (2002). Helgoland im Mittelalter. Helgolân. thumb|Helgoland om 1900 hinne Helgolân wie yn de lette midsiuwen benammen bekend as in ryk fiskgebiet. It eilân lei midden yn in wichtich gebiet foar de hjerringfiskerij. Yn de bloeitiid fan de hjerringfangst oan de ein fan de 15e iuw besochten de Hânzestêden Bremen en Hamburch dan ek oanspraken op eigendom en hearskippij oer it eilân te meitsjen. Dat besykjen wie ferbûn mei de ekonomyske betsjutting fan de fiskerij en de strategyske lizzing fan Helgolân yn de Fryske Bocht (ek wol: Dútske Boch).Panten, A. (2002). Helgoland im Mittelalter, s. 15, 17. Helgolân. De fiskerij wie lykwols net de iennichste ekonomyske aktiviteit dy't Helgolân yn de lette midsiuwen belangryk makke. It eilân lei oan de seerûtes tusken de Fryske lannen, Denemark en de mûningen fan de Elbe en Wezer. Skippen dy't troch de Fryske Bocht fearen, kamen gauris by Helgolân del. De kombinaasje fan fiskerij, skipfeart en hannel makke it eilân ekonomysk nijsgjirrich foar de omlizzende kuststêden.
In skriftlike boarne út de tiid fan de Hânze makket melding fan it ferlies fan in skipslading koper by Helgolân yn 1409. It ferhaal hat bysûndere betsjutting krigen trochdat yn de omkriten fan it eilân ek letter koperen skiven fûn binne dy't yn it ferline mei midsiuwske skipfeart yn ferbân brocht waarden.Panten, A. (2002). Helgoland im Mittelalter. Helgolân. De oarsprong fan it koper hat yn de 20e en 21e iuw ta ferskate wittenskiplike ynterpretaasjes laat. Yn in geogemyske stúdzje út 1978 waard konkludearre dat it ûndersochte koper fan Helgolân ôfkomstich wie. Dat joech oanlieding ta ferskate teoryen oer de rol fan Helgolân as boarnegebiet fan koper yn de stientiid en brûnstiid.Stühmer, H. H., Schulz, H. D., Willkomm, H., & Hänsel, B. (1978). Rohkupferfunde vor Helgoland. Offa, 35, 11–35. https://epic.awi.de/id/eprint/28810/1/Sth1978a.pdf Letter ûndersyk sette fraachtekens by de konklúzje dat it koper fan de fynplakken streekrjocht fan Helgolân ôfkomstich wie. In analyze út 1999 joech oanwizings foar in oare herkomst fan it materiaal. Dêrmei waard de eardere teory oer Helgolân as boarne fan it koper minder wis.Skowronek, T., & Segschneider, M. (2021). Die Herkunft der Helgoländer Kupfer-Reißscheiben und die Bedeutung der Insel Helgoland als Rohstoffquelle in der Stein- und Bronzezeit. Yn Siedlungs- und Küstenforschung im südlichen Nordseegebiet, 12. In nije natuerwittenskiplike analyze út 2021 hat dêrnei wer in ferbining lein tusken it koper en de earder neamde skipsramp by Helgolân. It ûndersyk jout oan dat it koper fan in skipslading dy't yn de omkriten fan it eilân ferlern gie, yndie oerienkomt mei materiaal dat dêr letter fûn waard. Dêrmei wurdt de midsiuwske skriftlike fermelding fan de ferlerne koperslading fan 1409 stipe.Skowronek, T., & Segschneider, M. (2021). Die Herkunft der Helgoländer Kupfer-Reißscheiben und die Bedeutung der Insel Helgoland als Rohstoffquelle in der Stein- und Bronzezeit. Yn Siedlungs- und Küstenforschung im südlichen Nordseegebiet, 12; Der Helgoländer. (2023, desimber), s. 28.
Iermoderne tiid