thumb|250px|Hoannebiterij yn Yndia....

thumb|Oan de poaten wurde messen bûn Hoannebiterij of hoannefjochtsjen is it willemoeds mei elkoar fjochtsje litten fan hoannen by wize fan sport yn in arena of oar ôffrede plak. Meast wurdt der op de hoannen wedde. At ien fan de bisten ûnderleit, belies jout of dea is, is de kriich dien. Yn in protte, meast westerske lannen, is hoannebitrij ferbean fanwege dierebeskerming of út reden fan in wetlik ferbod op wedzjen. Yn in protte lannen is de hoannebiterij (al tûzenen jierren) tradysje en in populêre sport.

Fjochtsport Hoannen binne fan natuere al agressyf foar inoar oer, al sil it meast by drigerij bliuwe. Yn de fjochtsport wurde beskate rassen (de fjochtrassen) spesjaal kweekt foar de sport. Der wurkt kweekt op krêft, lilkens en úthâldingsfermogen. By sommige stilen wurde messen oan de poaten fan de hoanne fêstmakke, sadat sy elkoar hurder deadzje kinne. Somtiids krije se pynstillingen om sa langer fjochtsje te kinnen. Yn in protte westerske lannen wurdt hoannebiterij as wreed beskôge en is it dêrom ferbean. Dêrtroch bedarret de 'sport' wol yn de yllegaliteit. Yn oare lannen, bygelyks yn Súdeast-Aazje en Latynsk-Amearika, binne hoannegefjochten wol tastien en binne dêr tige populêr. Kunsthal.nl: Hanenmesjes Yn 1981 ferbea it regear fan Yndoneezje lykwols eltse foarm fan gokken, sûnt is it hoannegefjocht dêr yllegaal.DickenEls.nl: Op een zandpad in Bali, achter een tempelmuur It is legaal yn de Amerikaanske steaten: Louisiana en Nij Meksiko.RTL.nl: Hanen met handschoenen

Yn Fryslân Yn de 18e iuw wie de hoannebiterij yn Fryslân in gewoan folksfermeits, benammen yn de Dokkumer Wâlden, mar ek op oare plakken. In Dantumadiel bestie de hoannebiterij oant de Twadde Wrâldkriich ta.

Literatuer : Deep Play: Notes on the Balinese Cockfight. Yn: Myth, Symbol, and Culture. Dædalus, Journal of the American Academy of Arts and Sciences. Universiteit fan Harvard, Cambridge, Winter 1972, s. 1–37

Keppelings om utens Fotos fan hoannegefjocht yn Tailân Hoannegefjocht yn Meksiko - in ferslach mei foto's

Kategory:Sport nei soarte Kategory:Folkloare Kategory:Bloedsport Kategory:Bistemishanneling