thumb|H. Wouda Hendrik Wouda (Ljouwert, 10 maaie 1885 - Wassenaar, 25 oktober 1946) wie in Nederlânsk arsjitekt en meubelûntwerper.

Woude ûntwurp meubels ornearre foar massaproduksje, ferljochting en ynterieurs foar wenten, skippen, kantoaren en útstallingen. Syn earste bekende opdracht wie it ûntwerpen fan it ynterieur fan filla 'Sevensteyn' (1920–21) yn it park Zorgvliet te De Haach, boud troch W. M. Dudok. It waard in relatyf ienfâldich ynterieur mei lykwicht yn romtlike effekten en in praktyske romteferdieling.

Wouda wurke ek alline as arsjitekt. Ut syn ûntwerpen foar filla 'De Luifel' (1924) yn Wassenaar en filla Kessler of 'Slingerduin' (1929) yn Velsen docht de ynfloed fan Frank Lloyd Wright bliken.

Keppelings om utens Feiling Wouda-meubels Foto fan filla De Luifel Foto's fan filla Slingerduin Lizzing en ynformaasje oer Filla Slingerduin by it Nederlânsk Archeologysk Ynstitút

Kategory:Frysk arsjitekt Kategory:Frysk ûntwerper Kategory:Nederlânsk arsjitekt Kategory:Nederlânsk ûntwerper Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1885 Kategory:Persoan stoarn yn 1946